Net ferlieze

Je ha fan dy wykeinen dat jo kwa balskoppen net ferlieze kinne. Moarn bygelyks. As lytse jonge dy't noch net nei it stadion op It Feen gie, moast der in kar makke wurde. Heit wie fan Rotterdam-súd, dus dat makke it wer in stikje makliker, it soe gjin Feyenoord wurde. Ajax wie skjinmakkersguod, en doe't PSV de Europakup wûn, wie it klear.

Moarn komt Eindhoven nei it Feen, en ik hoopje dat It Feen wint. Earder reizge ik mei in maat gauris nei de ljochtstêd, mar dy tiid hat west. Oars wol aardich, tusken de fanatike PSV oanhing.

Alle wiken yn it jier dat der fuotballe wurdt, hoopje ik dat Ajax en Feyenoord ferlieze, sels yn Europa. Sa dik mooglik. Foaral Ajax, mar dat wisten de fêste folgers al. En PSV? Och, dy meie har punten wol helje, mar moarn efkes net, graach. 


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen