Sionsberg

It sil wol wer oan my lizze, mar ik snap it wer ris net.

It safolste prestiizje objekt, de sintrale as, is amper goedkard, of yn Dokkum slute se it sikehûs. Want dat ha se fansels yn it sin. Earst noch wakker skermje mei alles dat noch wol iepen bliuwt, mar úteinlik sil de stjerhûs konstruksje derfoar soargje dat de Sionsberg ticht giet.

Te djoer, net mear rendabel. Sjoch, dan heakje ik ôf. Wêrom wurdt dy dyk oanlein? Om de regio libben te hâlden, nei't ik mien.

De twadde reden is no dus ek helder. As ien of oare Dokkumer de poat midstwa hat, of de rikketik docht it net mear sa as gewoanlik, ha de oerheden der foar soarge dat jimme oer in prachtige fjouwerbaansdyk nei de Hoofdplaats, of slimmer, nei Grins ride kinne.

Dy dyk hat neat mei it ûntwikkeljen fan de regio te krijen, hy wurdt makke om der sa fluch mooglik wei te kommen.  



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen