Sytske, R.I.P.

Iennichst oansizzing.

Wy binne in stik meubulêr kwyt. Sytske is niis yn myn earms deagien, en soks is net aardich. Alve jier hat er mei de holle foar it rút fan syn hok stien, yn de hope dat er wat oandacht, en wichtiger, wat te fretten krije soe. Omdat er gjin tosken mear hie, libbe er de lêste jierren op bôle en biks. Mar de lêste wike gie it hurd, en hjoed kearde er him net iens mear om as we it hok ynkamen. Triljend produsearre er in tin lûd dat yn de fierte noch wat fan mekkerjen wei hie. De amer mei bôle en biks taalde er net mear nei.

Dan is it nimmen fan it beslút dat dit sa net mear kin rasjoneel goed te meitsjen, mar as de feedokter dan it hiem opkomt is der gjin wei werom. Hy wie it oars daliks mei my iens, dit koe net mear. Fiif tellen, langer hat it net duorre, doe lei Sytske de holle del. Nei in lêste sucht einige 20(!) jier geitelibben. En ik ha it smoar yn. In waardeloaze dei, en gjin wite kop mear foar it raamke as ik aanst thúskom.


Ik sil him yn de kroade lizze, foardat er stiif is, en dan moat Burgum der mar mei rêde. As lêste knip ik syn earmerk der yn, dat woe ik net earder dwaan as dat er dea wie. Nûmer 28 kriget er. Dat jimme it witte.

Sytske is der net mear, hy fret him no klem op de ieuwige geitejachtfjilden. Ik bin ûnwennich.  






Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen