Bleate konten feest

In dejavu fan komsa, justerjûn. In wyldeman op in fuotbalfjild, dy't it op de ballefanger fan AZ fersjoen hie.

Doe't it âlde stadion fan It Feen noch net Abe Lenstra stadion, mar Gemeentelijk Sportpark hjitte, kaam soks folle faker foar. Ik wit it noch goed, der draafde geregeld ien yn de bleate kont oer it fjild, man as frou. Datlêste fûn de hurde kearn moaier, en der gie dan in stoarmeftige jui troch it stadion. De raddraaier waard grepen, en dat wie by froulju fansels in earebaantsje. In taast mear of minder om har fêst te pakken? Ik wol leauwe dat se it der om dienen. Keardels wie minder aardichheid oan, dy wienen swier de bear as se troch de knokploech yn de kraach pakt waarden. Mar it krat bier wie binnen, en 14 dagen letter stienen se wer fleurich tusken de minsken op de tribune. Frijwat ûnskuldich.

Yn dy tiid wie de oarder yn goede hannen. Ien fan de mannen út de knokploech koe ik wol. Ik sil gjin nammen neame, mar hy wist der blinders mei te rêden. Dat wist ik, want hy oefene by ús yn It Wâld syn kickboksen tsjin grouwe beammen oan. Net ien om spul mei te krijen. As der ien tusken it besykjend publyk stie, dy't miende dat er him út de tinte lokke moast, gie er sa it fek yn en helle him der wei. Ien kear seach ik dat er troch it betongaas, dat om it útfek siet, in rjochtse direkte útdielde. Sa fan it fjild ôf. De ûntfanger stuitere in meter as wat efterút, goed raak, dus.

Dat wie de tiid dat de trener fan AZ syn diagonale loopkes fan loftsefter nei rjochtsfoar op de matte lei. En ik bin der wis fan dat him juster de hannen jokken om der sels regaat yn te hâlden. Hy die it net, en dat is mar goed ek. Dan wienen dy beide tikjes fan Esteban mar neat wurdich. As Gert Jan keeper west wie? Dy hie de keardel oan de krúsing hong, en dan it teken jûn dat se wol wer fierder koenen. Der wie wol mei ret. 


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen