Wat stiet der yn?

Ha, ik wie oan it strunen op ien fan myn favorite siden, it hiemstee fan de gemeente Smellingerlân, sis mar net Drachten. Moai, dy beslutelist, dan witte jo wat der spilet yn de buert, no? Kom ik dit tsjin:

Ont. 5. Ingekomen brief van de Hypotheker over de Starterslening
 

Probleemstelling:
De Hypotheker heeft een brief aan uw college gestuurd waarin zij de noodklok luiden
voor de starters op de woningmarkt. Zij doen een dringende oproep om opnieuw
budget beschikbaar te stellen voor startersleningen. Zij stellen dat de starters in
Drachten nergens terecht kunnen.
 

Besluit
Er wordt ingestemd met de concept-antwoordbrief aan de Hypotheker.



Ja, hallo!!! Ik mar skrolle, want ik tocht, no komt it, de oplossing. Nee, dus. Witte we dus noch neat. Tansparant bestjoer is machtich moai, mar op dizze wize sjit it syn doel foarby. Wy wolle witte wat der yn dat brief stiet. Komt der jild frij, of is it op? Beide kearen soe ik der begryp foar ha, mar no bliuwe we yn it ûngewisse.

Ik leau dat ik moarn de Hypotheker mar belje. Hekje, durf te vragen.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen