Manuskript

Juster gjin bloch. Dat kaam, en de fêste twitterfolgers wisten dat al, omdat ik drok dwaande wie om in aai te lizzen. De wike yn de arke smiet nochal wat ynspiraasje op. En dan is it krekt as mei in teleks, it rammelet der oan ien wei troch út.

Dus no leit der in earste ferzje fan in manuskript. Op it stuit dat ik dit skriuw is myn fêste redaktrise tusken it fleisbrieden en earpelskilen drok dwaande om it te lêzen. En gean der mar fan út dat it je daliks meinimt, want ik leau dat der krekt wat tefolle reek boppe de fleispanne hong. Goed teken, dat lêzers nei tweintich siden der sa yn sitte dat se it iten oanbaarne litte, is 't net sa?

Mei dat iten komt it oars wol wer goed, hear. It rûkt hearlik. Triedsjefleis mei reade koal en earpels, wat wol in minske noch mear?

De fraach is hoe't it mei it manuskript ôfrinne sil. Ik ha sterk oanstriid om nei iten mar te sizzen dat ik de boel wol oprêde wol, dan ha'k earder útslach. Oan de oare kant, dy ferhipte gitaarlearaar hat my wat opdroegen dat foar in keardel mei stive, al wat âldere fingers hast net te spyljen is. Mm. Dreech. Mar hjoed tink ik dat ik mar foar de opsje ôprêden kies. Of, nee. Stom. Ik lit it de bern dwaan, noch better! Dy moatte de hannen ek mar ris út de mouwen stekke foar al dat bûsjild.

En wat moat ik dan leare: dit dus. Fingerpicking. Grrrrrrrrrr.







Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen