Kom op mei #PS2023!


 

 

 

It jier 2022 leit achter ús. No net daliks 365 dagen dy’t je as al te fleurich omskriuwe kinne. It jier fan it bleatlizzen fan grutte, djippe en fûnemintele ferskillen tusken regio’s en de dêrby hearrende ynsjoggen. Want wat de deskundigen der ek oer te sizzen ha, dy ferskillen ha nea sa helder yn byld west. De tûzenen omkearde flaggen by de snelwegen hingje der net foar neat, wat de media jim ek leauwe litte wol. Yn in pear jier binne de plattelanners en ridders fan de woeste weagen dy’t harren al generaasjes lang bekroadzje om de wrâld fan sûn iten te foarsjen, feroare fan nasjonale helden mei ynternasjonaal oansjen, ta de paria’s fan it kabinet Rutte4, de EU, it WEF en it domme klootjesfolk dat dêr braaf achteroan rint en net mear sels neitinkt.

Yn grutte wurden roppe ús folksfertsjintwurdigers dat se dwaande binne mei in wet wêryn’t politike partijen dy’t neffens harren net yn in demokratysk model passe, ferbean wurde kinne. Resinte foarbylden yn de skiednis ha ús leard dat it dan hiel ferkeard ôfrinne kin, mar troch de skiednis hinne rint ien konstante, dat nimmen wat fan dy skiednis leart. En it klootjesfolk wurdt behannele as kikkerts yn in stadich opwaarmjende amer wetter. Dat se (jim) no al poer binne as se (jim) dit lêze is harren (jim) dus net iens te ferwiten, de metoaden dy’t brûkt wurde binne te raffinearre foar de measten om it troch te hawwen.  

Wylst alles dat normaal is as abnormaal behannele wurde moat en alles dat abnormaal is ús troch de strôt drukt wurdt as soe it sa hearre, stiet op de foarsiden fan Time Magazine in foto fan in frou mei in jonge fan in jier as acht dy’t tate krijt. Woke-yn-byld. Dit alles ûnder it kopke ‘Are you mom enough?’ Saneamde influencers roppe op Tiktok de basisskoallebern ta dat ‘There is no such thing as a boy or a girl!’ ( Jeffery March) en fine it totaal gjin des-ynformaasje. (En nee, ik bin net homofoob)

Wy libje yn Nederlân. Ea it lân fan statige politisy dy’t mei in soarte fan erudyt timbre en de nedige refleksje út Den Haag wei bestjoerden. It wienen miskien net altyd de partijen dêr’t je it mei iens wienen, mar al te folle skea brochten se net oan omdat der meastentiids stipe ter linker en rechterzijde socht wurde moast om in regear te krijen. It tempo wêrmei’t de skiedslinen tusken Den Haag, Brussel én earlik bestjoeren fuortfage binne, is miskien wol de grutste soarch foar de takomst. As oantoanber ligen yn it demokratyske sintrum fan it lân amper as gjin konsekwinsjes mear hat, is it histoaryske lege fertrouwen yn de polityk dan in ferrassing? It stimt my in bytsje hoopfol dat dy fraach stelle him daliks beäntwurdzjen is. Want dat moat it begjin fan better wêze.

De provinsjale ferkiezings fan 2023 ha wat my oanbelanget noch nea sa spannend west. Sil it kollektive ûntbrekken fan leauwen yn de hjoeddeistige bestjoerders yn Den Haag en Brussel der foar soargje dat de kiezers murf slein thús bliuwe, of kieze se harren stimrjocht om der feroaring yn te bringen?

Want hoewol ik it yn 99.9% fan de gefallen net met graaf Sander Schimmelpenninck iens bin, hie der yn dy iene útspraak, dy 0.1%, grut gelyk. Der is mar ien wize wêrop’t it elektoraat syn ûnfrede kenber meitsje kin op in wize dat it op de duer effekt hat: Op oare partijen stimme.

Myn winsk foar 2023 is dan ek simpel. Kom allegearre 15 maart nei de stimbus. As de Earste Keamer in refleksje-kader wurdt fan wat jim no fan it regear fine, kin dy hiel wat nuttich wurk dwaan yn de perioade nei de folgjende Twadde Keamer ferkiezings. It is dus fan it grutste belang dat der massaal stimd wurdt.

Ik winske jim in goed en foaral sûn 2023.

 

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen