It is feest, sizze se.

We binne hast út de resesje, ha in pear hotemetoten sein. Prachtich nijs, dan kinne wy wer foarút buorkje.
Wy bouwe in balskopstadion foar 365 miljoen. De fraach wa't dêr ryk fan wurde sil, stel ik mar net iens. Slimmer fyn ik dat de top fan de Rabobank ek mar efkes 30 miljoen oan bonusjild ferdiele mei. Omdat se yn de krisis de bank oerein holden ha? Dat is harren wurk! Sa lang der noch safolle jild is dat oan ditsoarte ûnsin fergriemd wurde kin, moatte wy ús hjir dea skamje as we it oer in krisis ha.

De minsken dy't thús sitte omdat it systeem dat troch de 'boven ons gestelden' net wurket, dy ha lêst fan de krisis. De happy few dy't gewoan trochgean mei dikke salaris- en bonus easken harren sels noch riker te meitsjen, dat is it bedjêr fan dizze wrâld.
Sjoch, en dêr hear ik it regear no net oer. Rutte syn partij sil dêr fansels nea wat oer sizze, want dy sitte foar in grut part yn dy ynklauwershoeke, mar hoe dan mei de PvdArbeid? Ik fyn it prachtich dat der net safolle Roundup mear brûkt wurde sil omdat de bijen it dreech ha, mar der is mear yn de wrâld. Pak dy ynklauwers no ris oan. Meitsje jim dêr sterk foar. Smyt in wrâld oan stimmen op.

Moai, en no mar ophâlde mei dreamen, De Jong. Want wy meie hjir neat mear beslute, dat docht Brussel. En dêr sitte jo net foar minder as pak em beet €7500 yn de moanne. Skjin. Dat komt sawat op in ton yn it jier, stikje bonus der by?

Nee, dêr sil allinnich in bytsje symboalyske retoryk wei komme, dat de topfertsjinners miskien oer de lêste pear sinten wat ekstra belesting betelje kinne soenen. Mar net al te wreed, wat dan komme jo oan jo eigen beurs, en dat is not done.

Ien foardiel: Oer in pear jier is it regear yn Den Haag oerstallich. Ha je ien bestjoerslaach minder om jo oan te ergerjen. Sil Rutte syn âld Saab wol ynruilje moatte foar in seisoenskaart yn de net wurkjende sneltrein Den Haag-Brussel.

Mei groetnis, in bystânsmem dy't it mei 50 euro yn de moanne dwaan moat.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen