Trijekwart fan de Nederlanners brûkt doping

In tige nijsgjirrich artikel yn de LC fan hjoed. De komplete ynternasjonale ferslaving oan de smartphone. 'Mijn telefoon is net ze belangrijk als mijn huissleutel,' is in quote út it artikel.

No kinne jo mei in iPhone of Samsung gjin slot iependraaie, mar yn teory kinne jo mei in app wol in digitaal slot op de doar fan jo hûs iepen en ticht dwaan. It ôfhinklik wêze fan de smartphone giet yn in net te kearen tempo, krekt as it folslein 'verBrusseljen' fan ús wrâld.

It twangmjittig mear as 20 kear yn it oere jo skerm op berjochten kontrolearje. It lêst fan hertritmestoarnissen krije as jo de telefoan kwyt binne. Desoarientearre troch de dei komme as jo ferjitten binne de telefoan nachts oan de lader te lizzen.

As it net bloedserieuze problemen wienen, soenen je der lûdop om laitsje. Mar sa leit de wrâld fan de jongerein en guon âlderen der hinne. Net mear by steat om in boek te lêzen, omdat je konstant dwaande binne in link te sykjen dy't jo nei in oar skerm bringe moat. Sjoch hjir foar mear ynfo, klik hjir om te sjen wat it jo opleverje kin, akseptearje jo it gebrûk fan cookies: klik hjir.
Wy klikke wat of, de stream ynformaasje dy't op ús takomt is net te leauwen. 30 jier lyn wisten we net dat twa minuten lyn Jan, Piet as Klaas in foto makke fan Inca stêd Machu Pikchu, no stiet it op Facebook en Twitter. 

Neffens my is dizze dwaze wedrin mei it op de hichte bliuwe wolle mei alles dat der op elts momint oan de hân is, net fol te hâlden. Hjir komt in klap op. In snoeihurde klap. Mar dat sil de produsinten fan de iPhone5 en Samsung Galaxy S4 in soarch wêze. 

Ja, ja. Dat seit immen dy't sels folslein yn it sketste plaatsje past, hear ik jim tinken. En dêr ha jim dan wer hielendal gelyk oan. Myn soarch oer it 24 oeren deis online wêze (sels yn jo sliep!) ha ik wolris earder útsprutsen. Klik hjir

In proses dat net te kearen is? Of keart de wâl it skip aanst? Wy sille it ôfwachtsje moatte. Ik seach niis op myn skerm dat it bûtendoar moai waar is, dat sil ik efkes kontrolearje. Mocht myn Samsung it ferkeard sjoen ha, sil ik mei in app protest oantekenje tsjin it feit dat ik fiif meter rûn ha om yn it moaie waar te kommen, wylst der krekt in wolk foar de sinne skode. Waardeloas is soks, no?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen