Russyske froulju en in online casino

No, dat wie my de middei wol wer. Net omdat ik de hinnen yn bad hân ha, de simmer bringt ek de luzen mei, nee, my kompjûter hie kueren. As skriuwer kinne jo soks net ha, dus al myn kunde oangeande de digitale wrâld yn de striid smiten.

Wat wie it gefal? Wy sille ynkoarten in dei as wat fuort. En as skriuwer wolle jo meidwaan yn de nijmoadrige tiid, dus ha ik in TomTom kocht! Stjerrende wier. Hy leit hjir neist my, it is in XL, omdat boppe de fjirtich de skermkes net te lyts mear moatte. Ik nim oan dat wy it ding ien kear yn it jier brûke sille, mar dan ha je ek wat. Fryslân kin ik mei de eagen ticht wol beride. Hjir kinne jim út opmeitsje dat we oer de grinzen fan ús moaie heitelân gean sille. Mar ik dwaal ôf. It duorret ek noch in skoft foardat it safier is.

Digitaal min ûnderlein sa as ik, mar wol op ynternet te finen, is in foarboade fan drama en ellinde. Hie no mar gewoan nei de Kijkshop riden en sa'n ding ophelle. Freebees ynleverje en klear. Mar nee, De Jong woe online syn slach slaan.

Ynearsten like dat ek tige te slagjen. Moai betelle mei iDeal, de oare deis it pakje al thús. Klik, klik, klik.

Dy iene klik wie foar dat jo it iens binne mei alles dat yn in fierstente lang stik tekst stiet. Gjin minske lêst dat, mar miskien soe it better wêze fan al...
In dei as wat letter woe ik efkes op twitter sjen. Dat doch ik oars hast nea, mar ja. Komt der reklame foar Russyske froulju en in online casino yn byld! Ik kom nea yn in casino en myn Russysk is ek net wat it west hat, dus wat ik dêr no mei moast? Slimmer wie it dat op Stikelstekker samar linkjes yn in tekst stienen, dy't ik der net yn setten hie.

Algemiene panyk. Kop yn de krante: Fryske skriuwer hackt.

Dan wurde hjir de krêften bondele. Oan beide kanten fan de muorre sit in digibeet, dy't hopeleas online op syk giet nei in oplossing. Nei wat hinne-en-wer praten dochs mar in mail stjoere nei myn rots yn de brâning, mei it fersyk om de stakkers te helpen.

Noch ien kear ha ik knoppen oanklikt wêrfan't ik tocht dat dêrtroch de kompjûter himsels wolris opblaze koe, mar doe kaam it wûnder. Yn al myn ûnkunde skyn ik yts goed dien te hawwen.

De Russyske froulju en online casino's binne fuort. Ik ha daliks fia Whatsapp sein dat it probleem him oplost hie.

Wol kreaze froulju dêr yn Ruslân, by the way. Mar as je Coupon Drop Down as presintsje krije fia Cool Blue, sjogge jo dêr net nei. Rotsoai.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen