Brief oan de provinsje- en Smellingerlânamtners



Je binne in wike fuort en de boel is wer yn ûnstjoer. Net omdat de skûtsjes wer farre, de RfK fan SC Hearrenfean opstapt is of de rjochter it sirkus om Thialf hinne noch wat ekstra piper yn 'e kont jûn hat, nee, de dwaze plannen oer wynmûnen stekke de kop wer op.

Bêste provinsjeamtners yn Ljouwert en lokale kopstikken yn de gemeente Smellingerlân. Yn de LC fan tongersdei stiet dat Drachten miskien wer yn byld komt foar wynmûnen. It Hearrenfean soe dan ôffalle.

Hearen en dames amtners, witte jim wol wat ien fan de easken is om wynmûnen rendabel te meitsjen? Nee? Nea oer neitocht? O.

Wyn.

Wyn blaast oer it algemien op plakken dêr't er net brutsen wurdt troch skaadzjend beamtegrien. Dat is dus op see en as it dan al op it lân moatte soe, op de Ofslútdyk of op ien fan de eilannen. Dat wolle se fansels net op It Amelân en Skylge en de oare toeristeplakken en se ha gelyk.

Op It Feen en Drachten sille wynmûnen nea safolle redamint opsmite as op 'e klaai as op see. Wêrom wolle jim dat no net begripe? Wêrom snappe jim net dat as jim se yn de Wâlden delsette se mar de helte fan de stroom opbringe sille? Tink dêr no ris praktysk oer nei, as dat noch mooglik is.

As jim mûnen yn de Wâlden rendabel meitsje wolle, moatte se in kear sa heech wurde as op in oar plak. Dan kinne jo se dus fan It Amelân ôf stean sjen.

Dit is wer fan dy grapmakkerij yn in tiid dat soks der wolris tuskentroch slûpe wol. Elts is yn fakânsje-mode.

Gjin wynmûnen yn de Wâlden delsette!!! Dat kostet mear as dat it opsmyt!!!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen