De Onderzoeksraad voor de Veiligheid: Stront mei stientsjes

Grut nijs hjoed. De Onderzoeksraad voor de Veiligheid sil in healjier ûndersyk dwaan nei it drama mei de dongsilo en wat der fierder yn de stront sit.

Ik skat sa yn dat it gros fan de minsken yn dy Onderzoeksraad, dy't grif in knap salaris ha, noch nea mei de kop boppe in dongsilo hong ha. Hienen se dat al dien, wie sa'n djoer ûndersyk net nedich.

De oplossing is net sa dreech. Stap ris nei in pear boeren op leeftyd ta. Freegje dy wat se oer dong- en jarrekolken witte, grutte kâns dat se ûnder it genot fan in bak kofje mei in stik âlde wive koeke oant yn de details te witten komme dat jo better net yn in, troch Brussel betochte, ôftichte silo stappe kinne.

Ien fan de libbenslessen dy't ik (en myn broer) fan heit meikrigen ha wie: 'Makket my neat út hoefolle stront der ûnder yn dy put sitten bliuwt, jim komme der NET YN!!!'

Alle jierren wer komme der guon om it libben troch jarrekolken en pinkebollen. It is my in grut riedsel wêrom. Se soenen better witte moatte.

De Onderzoeksraad voor de Veiligheid sil foar in knoarre jild besykje út te finen wat elts dy't der ferstân fan hat al wit. Typysk de wrâld fan hjoed-de-dei. Opnij it tsjil útfine wolle, omdat we te eigenwiis binne om daliks ta te jaan dat it der al is. Dat wolle wy sels konstatearje. En wa moat soks wer betelje?    

Oer in healjier sil op in parsegearsit gewichtich út de doeken dien wurde dat je eins net yn in tichte put as silo komme moatte. Sels net mei perslucht op. Dat wist heit al. Pake ek. Dy syn heit ek.

Mar ûnder it kopke: 'Berichten uit de risicoloze samenleving' mei it wer in pear miljoen kostje. Wat soenen dy domme boeren der no fan witte? 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen