Aap, noot, mes!!!

Hjir yn 'e Wâlden binne wy fansels net fan de benaude. Justerjûn wie yn in efterseal fan in kafee oan de Noardkade de offisjele ôftraap fan De Groove Project, in no al legendaryske band. Wy hienen nei de soundcheck ús drugsdealer efkes fia speed dial op de hichte brocht, de kisten bier en flessen Jack Daniëls stienen op ús te wachtsjen.
Troch hagen fan minsken moasten wy fan it poadium nei de lounchroom. Tige ferfelend bykommend feit: al dy froulju mei fan dat wite hier, al kamen se streekrjocht by Hugh Hefner út de Playboy Mansion, oan ús om te klauwen. En mar krijse. No witte wy pas wat dy fjouwer opslûpte jonges dêr út Liverpool meimakke ha. Sa tsjin âlven sei ús manager, dy't ek aardich high troch de keet rûn, dat it safier wie. No, de reis fan de lounchroom nei it poadium wie in echte trip, dat sil ik jo sizze. Dy wiven hienen allegearre oan de drank sitten, net te hâlden, heite. Mar wy ha trochsetten en doe't we einliks te plak stienen ha wy de saak efkes ûndersteboven blaasd.   
Dêr komt fansels in klap op, sizze wy hjir. En sa wie it ek. In pear fan dy hite froulju hienen al in freon, teminsten as dy dwazen dy't ús letter op stienen te wachtsjen dêr foar trochgean moatte. De Kaden yn Drachten, Drachten wil je meemaken, no? In kear as wat om ús hinne reage en de strjitte wie leech fan minsken. Wol wat reade plakken op de dyk, mar wy sille ynkoarten wol wer ris in tongerbuie krije, dan spielt de brot wol it rioel yn.

Om in lang ferhaal koart te meitsjen, hjoed moat ik ynfalle by in net neier te neamen aktiviteit fan den plaatselijke school alhier. Sjoch, wy rêde hjir mei de saken, aanst de wetterslange der efkes oer en ik bin klear foar in jûn ridder spyljen. Mar dat mei noch net bekend wurde. In jier as wat lyn ha ik in ferhaal ferteld oan dy stoere bern út junior har klasse. Och, wat hienen se de gek mei my. Mar doe't ik it ferhaal dien hie, doarde net ien fan de bern it hok yn, want dêr siet Willem... HAAAAHAAAA!!!

    

Reacties

  1. Ids út Boazum4 juli 2013 om 13:30

    Der is hjir merke yn Boazum, mei as thema-titel "Griezelje". Justerjûn in alderferskuorrendst bloederige optocht gong der oan foarôf. En al haw ik dy hjir net yn persoan sjoen, do koest' hjir wol wêst ha te sjen om de ynspiraasje Ferdinand. Want hjir wiene der ek bern dy't skitensbenaud wiene....

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen