Fakânsje yn Dútslân



 Merke. 

Oberaula, dielsteat Hessen, leit yn de lome jûnssinne. It liket wol of is der gjin minske thús. Dizze hiele hoeke fan Dútslân oereagjend soenen je net sizze dat de motor fan de Europeeske ekonomy hjir yn dit lân syn wichtichste brânstof kriget. It hat mear fan in oanienskeakeling fan sliepende doarpkes dêr’t de tunen kreas oanharke binne, mar wat dy minsken dogge om troch de tiid te kommen is my, op in pear boeren nei, folslein ûndúdlik. Wat in ferskil mei ús jachtige, mar och sa heldere en oersichtlike noarden fan Nederlân.
Yn de fierte hear ik Siciliaanske maffiaklanken, it is merke yn Hausen. Juster begûn dy mei in dirigearre bierdrinkerij, in speaker der by, dy’t om de fiif minuten besocht de stimming wat oan te fiterjen. No hat it op ôfstân wat fan in sêne út The Godfather, in begraffenis yn Italjaanske sfear. Kin ek in brulloft wêze, dêr wol ik ôfwêze. It útsjoch dat ik ha is oars wol prachtich. It middengeberchte yn de regio is oerdutsen mei dinnebeammen, ik freegje my de hiele wike al ôf oft der ek wolven om ús hinne doarmje. En dan echten, net meinaam út Poalen wei. Moarn sille wy besykje om in mear as 500 meter hege top te berikken dêr’t ik no it sicht op ha. Dat hienen wy al ris earder besocht, mar dat slagge net troch it tichte strewel hinne. Letter bliek dat der ek paden rûnen... Hoe dan ek, dat sil moarn. Wol wis bin ik fan it feit dat der wylde bargen yn de mânske bosken sitte. De boer hat oan it begjin fan de wike kuile, oan de râne fan de greide, grinzjend oan de bosk, binne hiele stikken gerslân ferrinnewearre trochdat de bargen de boel omploege ha. Dêr sille se fan’t hjerst wol foar straft wurde, ien fan de hûnderten jagerssjitstuollen sil grif plak jaan oan de man dy’t foar farsk wyld soarget. Rûnom sjogge je dy nuveraardige hokjes op poaten stean. Earst tocht ik dat it fûgelsjochhutten wienen, mar om de kilometer sa’n ding? De wierheid is minder romantysk as dat ik tocht. Se paffe hjir alles del wat se foar de loop krije, dat mist my net.
Aha, it korps set wer in mars yn. Se koenen echt wol yn prosesje troch it doarp gean, it lûd komt no earne oars wei. Tichterby as niis. Se sille net in slach oer it Ferienpark meitsje, wol?
Foar westerlingen is it hjir oars al omstean, de 3G wurket net of amper, in stel Hollanders trije huskes fierderop eamele der ek al oer. Wifi? As je dêr nei freegje tinke se dat je Bifi bedoele. Bierwoarst. Wy binne hjir yn fiif oeren riden tritich jier tebek yn de tiid bedarre. De manlju fan it doarp sjonge yntiids fleurich mei op de maat fan it korps. Lange houten tafels mei mânske pullen bier der op, jim kinne it jim grif op it netflues krije.
Sels mei in dongel is hjir gjin ferbining te krijen mei it ynternet. Treflik. In skriuwer dy’t syn webloch net byhâlde kin, wylst jim dêr al op rekkenje.


Sil ik jim ris wat sizze? It falt ta. It is de earste fakânsje yn 30 jier dy’t ik sûnder in sigaret op te stekken belibbe ha. Dêr kin in dei as wat sûnder ynternet noch wol by. Mar wy binne hast wer thús, dus sil de deistige ûnsinbesteging wol wer op gong komme. Ik ha hjir bern sjoen dy’t mei-elkoar sieten te praten, sûnder in mobyl yn de hân. Je soenen der nostalgysk fan wurde. De sjongerij is yntiids mearstimmich wurden, aardich suver ek noch, sa te hearren.                                     
                    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen