Sutelaksje en in wedstriid

Justerjûn moast ik nei Easterwâlde. In skoft lyn bin ik frege oft ik yn in sjuery woe. Twa saken dy't ik net alle dagen doch.

Sjoch, dat se yn de Stellingwerven wat mear oer saken neitinke as dat wy boppe de Tsjonger dogge is al in skoft helder. Dy Angelsaksen smite yn tsjinstelling ta ús, domme Friezen, net wat fuort foardat se wat betters, of wat oars ha.
Wy skaffe hjir rêstich de sutelaksje ôf sûnder in goed alternatyf. En wa fernimme dat? Krekt. De skriuwers en de útjouwers. It jierren sparteljen om op in oare wize in boekje oan de man te bringen is fan in nivo om jo de bûsen út te skuorren. En mar prate en mar prate. Boeken ferkeapje is in fak apart, al dat praten soarget derfoar dat it netwurk dat der wie, noch lytser wurdt. (de standert reaksje: 'It wie al mar dreger om minsken te finen' traapje ik net yn. Better dyselden brûke dy't der noch wienen as dizze konstruksje, as der al sprake fan in foar de minsken sichtbere konstruksje is. Op dizze wize feroaret de omset fan de sutelaksje yn kofjejild foar de meiwurkers, mear is der net fan oerbleaun.)

Tink no mar net dat ik de iennichste bin dy't der sa oer tinkt, as jim my om dit bloch lilk oansjen wolle is prima, mar dan wol ik jim wol in list tastjoere mei minsken út de skriuwerij dy't dan deselde behanneling krije moatte. Jim hâlde net folle fleurige gesichten oer, bin ik bang.
Alhoewol de sutelaksje fan de Stichting Stellingwarver Schrieversronte ek wol wat sakket yn omset, bliuwt it in fêst stik ynkommen.

Wichtiger is eins noch, dat der in ploech minsken aktyf dwaande is mei dy taal. De kroaderinners bringe net allinnich boeken, mar ha it der oer. Spin off is min te mjitten, mar it kin net oars as dat it wat ekstra opsmyt.

Hoe dan ek, der is in wedstriid útskreaun. Spannende ferhalen yn it Stellingwerfsk. In Drint, in Stellingwerver en in Fries sille der in winner út sykje. Mochten der ûnder de lêzers fan Stikelstekker guon wêze dy't meidwaan wolle, kinne jo hjir alles oer de wedstriid lêze. 

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen