Hypokrite wielerfanaten

Nuver hoe fûleindich der reagearre wurdt as je it oer hurdfytsen ha. Ik folgje de Tour al sûnt ik lyts wie. Al dy tiid kamen der ferhalen oer doping, mar doe makke my dat noch net safolle út. Smoarhite etappes út de Pyreneeën, de keale kop fan de Ventoux en de oranje polonêze op Alpe d'Hues, ik siet der plat foar.
Michel Pollentier dy't in ballon of in kondoom fol mei urine ûnder de earm hie om sa de dopingkontrôle te fiter te nimmen, it binne ferhalen dy't yn de marzje meidienen. De berchetappes bleaunen altyd moai. In tropyske ferrassing dy't samar as in speer tsjin de Madeleine opfleach? Jo tochten der net by nei, mar fûnen it prachtich.

As je wat âlder wurde feroaret dat. Doe't ik Jarmila Kratochvílová yn 1983 yn Helsinki draven seach, like dat net op in dame, mar mear op dy ienmans destruksjebedriuwen út Ruslân. En sa kin ik noch in rige atleten en oare foarbylden neame.

It koe net, it wie gjin earlik spul. Letter kaam dat allegearre út. Ben Johnson syn trochbloede eagen by de start fan de 100 meter, ik seach it, wist dat it net goed siet en dochs wie syn 9.79 in lust foar it each.

Hurdfytsen is foar guon minsken in religy. Soarget foar in diffús byld as it om realisme giet. Jierren ha ik mei bewûndering nei de kofjemûne tred fan Lance Armstrong sjoen. In held, kanker hân en dan sa fytse. Ek doe wist ik dat it net koe. Mar seach der nei en hie respekt foar wat er die. Pantani, Herrera, Winnen, neam se mar op. Allegearre op in bakt aai en en bak sterke kofje de Alpen yn. Ja, ik ha ek al tsien kear de lotterij wûn. Boogie op La Plagne. Cancellara?

En dan begjinne we te sputterjen. Nee, ús Fabian is net betrape. Lance Armstrong ek net. Wiggins ek net. Froome ek net.

Bêste wielerleafhawwers. Genietsje fan jim sport. Mar neam it folk dat der krityk op hat net daliks soer, neat wittend en bûtensteanders. Want djip yn jim sels witte jim wol better. Ik wist it, jim witte it.
Hjoed wer in rit berchop. No al nocht oan.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen