SC Heerenveen stilte voor of na de storm?


No, boargemaster Tjeerd van der Zwan kin mar grutsk wêze, liket my. Nei syn oprop om it ûndersyk by Sportklup Hearrenfean syn tiid te jaan, is der net in sjoernalist mear west dy't ek mar ien kritysk wurd op papier setten hat.
Wat in leaf folkje dochs, dy Friezen. Of soe it troch it natuerlik oerwicht fan ús Tjeerd komme? Grif. Der is nimmen dy't mei de hammer op tafel slein hat.

Is it terjochte dat der net oer de situaasje by de SC skreaun wurdt, hingjende de útkomsten fan it ûndersyk dêr't Koopmans en Vaessen mei dwaande binne? Of binne der oare oarsaken dat der gjin kanttekeningen mear pleatst wurde?

Wêr wienen de opinystikken oer it fuortgean fan de RfK? Okee, ik siet in wykje internetleas yn Dútslân, mar doe't ik alle kranten trochblêde hie, moast ik suver gnize. Binne alle kritikasters miskien efkes op fakânsje?
It opstappen fan de RfK wie by myn boarnen (en by my) al in skoft bekend, mar dat se it dwaan soenen foardat Koopmans en Vaessen op 26 july in parsegearsit hâlde sille, wie dochs wol nijsgjirrich. Nee, ik ha der net oer skreaun. Dat mocht net, no?

O, dat hie ik no net sizze mochten, leau ik. Oer dy parsegearsit, fan 26 july, dat wie allinnich foar de parse. No ja, it slûpte der efkes tuskentroch, sis mar. Soe de redaksje fan Stikelstekker dêr eins ek wolkom wêze? Oan publikaasjes oer de SC wie hjir gjin gebrek. No ja, mocht boargemaster Van der Zwan fine dat ik dêr komme mei, hear ik it graach.

De RfK is dus fuort. Soe dat wêze omdat se de skande fan it bywenjen fan de parsekonferinsje net oankinne? By de SC ha se mei 'úteinlik' Bart van der Meer syn beruchte sêne, dêr't er de direksje ûnder lieding fan Yme Kuiper as lytse bern yn de hoeke sette, gjin histoarje om grutsk op te wêzen, as it om parsegearsitten giet. En hoe komt it mei de bedriuwen dy't anneks binne mei de eks leden fan de RfK? It gerucht dat Wino de Jong syn ferve net langer de kezinen fan it Abe Lenstra Stadion kleurje sil is sa sterk, dat we dat hast wol as wierheid oannimme meie.

En, sjoernalisten? Hoe sit dat?

Binne der al bedriuwen werom yn de OSSH dy't der út draaft wienen ûnder in skrikbewâld fan Robert Veenstra? Of skriuwe jim allinnich mar oer de rellen en ha jim nei dy, foar de oantallen besikers oan fora, kranten en tv-items prachtige tiid, de belangstelling ferlern? De finansjele basis fan de SC foar en nei Robert Veenstra, it skrikeffekt fan syn fuortgean en it, foardat it ûndersyk ta syn ein komt opstappen fan de folsleine RfK, it liket my dat der genôch is om ûndersyk nei te dwaan. Dy oefenpotsjes geane dochs nearne oer, dy kinne staazjerinners wol ferslaan. Wêr bliuwe de follow up ferhalen?

   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen