Frouckje State nei Ljouwert. Needsprong?

Frouckje State giet nei de boppeste etaazje fan it WTC yn Ljouwert.

Wy ha ek al ris in kear as wat nei Ryptsjerk west te iten. Ien kear sil ik nea ferjitte, in stamppot buffet mei de famylje. Yn 'e regel tink ik der wol wat om, mar doe ha ik my echt hast ûnpaslik fretten. Wat wie dat lekker.
It stee is ek prachtich, dy âld pleats. Soks hat wat. Hjoed lies ik dat se yn de skuldsanearing sitte. It priiskaartsje oan sa'n miel iten is foar de measte minsken net mear op te bringen.

Is it dan better en gean nei Ljouwert? Neffens my is de boppeste ferdjipping fan it WTC in grutte stap tebek. Ik kom der net, moat der net oan tinke. Leaver sit ik op in eilân en yn sa'n moaie âlde pleats te iten. Oud Sluis, al jierren it bêste restaurant fan Nederlân, sit yn in útbuorren en sa binne der in soad. As je sa heech yn de beam sitte mei it iten, makket it net út oft je no yn Ryptsjerk sitte as yn Ljouwert. It publyk dat nei de keuken mei in 'Ster' komt, wol der graach in kilometer as wat foar ride. Jan Piet en Klaas út Ljouwert sille net earder nei it WTC komme as dat se dat nei Ryptsjerk dienen, as se it jild der foar hienen. 

Neffens my is it in needsprong. Skande foar sa'n moai bedriuw, mar it sil der heechstens in koarte oplibbing troch krije, as dat al sa is.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen