Earste optreden fan The Groove Project

The Groove Project
Dit wurdt in bysûndere dei. Of eins in bysûndere jûn. Foar it earst as bandlid op de planken.

In skoft lang ha ik gitaarles krigen by De Groove Factory yn Drachten. Net om de nije Knopfler of Gary Moore te wurden, dan hie ik 35 jier earder begjinne moatten. Nee, omdat it gewoan aardich is. Doe't Nathaniel, myn learaar, frege wat ik oer bandcoaching tocht, wist ik eins net wat ik dêr fan tinke moast. Dat wit ik no al.

Mei fiif minsken yn in oefenhok sitte en muzyk meitsje, it is hiel bysûnder. Ik hie nea tocht dat ik dat nochris dwaan soe, mar it is al sa. Fansels bin ik fierwei de âldste fan it stel, mar dat skynt net folle út te meitsjen.
Hjoed is de foarspyljûn fan de muzykskoalle yn kafee Peije yn Drachten. Alle learlingen meie dan meispylje ûnder lieding fan harren leararen. Kin net folle mis gean, jo kinne altyd noch luchtgitaar spylje as je it efkes net mear witte.

Hoe oars is dat oan de ein fan de jûn. Dan moatte wy! En is der gjin orkestbân of fêste hân fan de leararen, nee, wy moatte it sels dwaan.

Fjouwer numers, as ôfsluter fan de jûn. Om sjen te litten wat der fan komme kin, sis mar. Wy ha ússels de namme The Groove Project oanmjitten. Sân oere moatte wy soundchecke, soest dy de bûsen útskuorre, mar it is echt wier. Dan de hiele jûn wachtsje.

De ferlieding is grut om mar daliks oan de drank te gean, mar dan koe it wolris op ekspirimentele jazz útdraaie, en dat ha wy noch net oefene. Hoe dan ek, it libben sil nei jûn nea wer itselde wêze. Ik bin bandlid.  

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen