It smoar yn ha

Je ha fan dy dagen dat je better neat opskriuwe kinne. Omdat alles ferkeard útlein wurde sil, of omdat alles ferkeard begrepen wurde sil, of omdat je dingen opskriuwe wêrfan je yn't foar al sa je betinkingen ha oft se wol goed falle sille. Dan binne der twa opsjes: je dogge it al, of je litte it. Dat is in dilemma. As je it idee ha dat wat je yn't sin ha om op te skriuwen wier is, mar je binne der net hielendal wis fan, en dat it nei in dei besakjen wolris wat oars, wat mear nuansearre wêze kinne soe, wat te dwaan?
Goed, sa'n dei dus.
Mei tank oan de reade tried.
En ik gean it net útlizzen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen