Nieuwsuur

No't de top ekonoom Willem Buiter ús yn Nieuwsuur efkes ferteld hat hoe't it sit mei it grutske Nederlân, ha ik in fraach. Dizze hotshot fan de Citibank sei dat we binnen fjouwer jier de hypteekrinte net mear ôflûke kinne, en dat we derfoar as beleaning wurkje meie oant ús 70ste. Aardige keardel, dy Buiter. Wurket hjir net, mar bringt sa no en dan in blikembesite, en dan mei Twan Huijs nei Schiphol om him dêr te befreegjen.
Hy is berne yn Den Haach, en hat sawol in Britsk as Amerikaansk paspoart. Hoe sa: as je sinten ha krije je saken foar elkoar.
Mar de fraach is, wêr moat it jild weikomme dat we brûke moatte om plysjeminsken op te lieden yn Afghanistan. Fansels seit it kabinet dat it út de pot mei ûntwikkelingsgearwurkingsjild komme moat. Mar dan krije jo gjin stipe yn de keamer, en Geert wol neat yn dy negerij dwaan, dus moat Mark op 'e strún om te sjen oft er by it folk dat er yn de ferkiezings foar ferrotte fisk útmakke hat, stipe krije kin.
No, dy JSF pot mar? Nee, seit Buiter dan, want dan witte de Amearikanen jim wol te finen, pas op, gjin JSF jild. Perfoast gjin jild dat eat mei Amearika te krijen hat, want dan komt der druk fan diplomaten om jim op oare gedachten te bringen. Pas op, ik, de Citibank en Obama binne baas, dus harkje!
Ik bin benijd. Dy man sketste ús in byld oer hoe't it sit mei de macht yn de wrâld dêr't je de broek fan ôfsakket. Stikem wisten we it wol, de Dútske besetting is allinnich op papier ôfrûn.
Hjoed yn Buitenhof sei ús premier dat de minsken dy't wol wurkje kinne mar it net dogge meikoarten maatregels ferwachtsje kinne.
Ik woe, mocht ik yn dy situaasje bedarje, mar dwaan op de funksje presidint fan de Nederlânske bank. Neffens Buiter hat dat net mear om de hakken dan sa no en dan in tillefoantsje nei Frankfurt, om te freegjen wat de Dútsers fan plan binne, dan dogge we it hjir ek mar sa. Neffens my fertsjinnet sa'nien as dy Wellink wol knap, en sels mei myn bargedútsk rêd ik sa'n petearke noch wol.
Ferhelderjend, sa'n besite fan dy Buiter, dêr knappe je echt fan op.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen