Drug Enforcement Administration en de WIKI leaks.

De D.E.A.is in machtige organisaasje dy't him dwaande hâld mei it opspoaren fan drugs, wrâldwiid. Dat hâld yn, in Amearikaanske klup, dy't him neat fan wa dan ek mar oanlûkt. Under it motto: as je de grutte boeven pakke wolle, is alles tastien. It iepenbier ministearje yn ús moaie Nederlân hat wetten en beheinings as it om it oppakken fan kriminêlen giet, en de D.E.A. hat dêr lak oan. Dat smyt wer moaie TV op. De Wiki leaks jouwe in oantal foarbylden, wêryn't helder opsein wurdt hoe't ien en oan yn syn wurk giet. In freeslik net mei de saken op de hichte frommis fan it IM seit dat wat der ek oan de hân is, alles moat binnen de kaders fan de wetten fan ús moaie lân. Eks minister Rouvoet wol de minister befreegje, want hij wist niet hoe dit kon gebeuren. Neffens my siet dyselde yn it foarrige kabinet, ha se dêr nea oerlis hân dan?
Wy tinke dat we in autonoom lân binne, dat sels betinke mei wat we dogge en wolle. Dat is ek sa, mar dan giet it oer peanuts, net oer saken dy't de USA oangean. Jammer, dan kinne de wolven yn it bosk jammerje en gûle wat se wolle, mar de lekkens wurde hjir net útdield.
Hienen dy domkoppen in pear hûndert jier werom mar net foar de sinten kieze moatten en ferkeapje Manhattan foar in habbekrats. Oan de oare kant, dan hie Wilders no in wrâldlieder wêze kinnen, it is mar wat je it leafst ha...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen