Undersyk

No, Koopmans en Vaessen binne los mei harren ûndersyk nei de handel en wandel binnen de muorren fan it Abe Lenstra Stadion. Teminsten, dat moatte wy mar oannimme. Foar itselde sitte se te kaarten of spylje in potsje biljert. Se lykje my wat te âld om te poolen. Ek soe it sa wêze kinne dat se 'om wat aan elkaar te snuffelen' in besite oan de sauna makke ha. Wy witte dat net. It soe kinne.
Miskien ha se wol in kuier troch de bosken fan Oranjewâld makke wylst it hurd reinde. Gjin idee. Tegearre yn ferware lange reinjassen ûnder in brêge in flesse wyn leech dronken? Sis it mar.

Witte jim hoe't sa'n ûndersyk wurket? Ik in bytsje. Ja, út de wazige ferslaggen dy't je dan hearre, dogge ditsoarte 'swiergewichten' altyd tige harren bêst om it sa abstrakt en foar gewoane minsken net te befetsen oer komme te litten. Oars koenen jo en ik it ek wol, no?

Ik stel my foar dat it wolris minder dreech wêze kin as dat it liket, sa'n ûndersyk. Gewoan oan de sekretaresse freegje hoe't de relaasje mei har baas wie is net sa moeilik, dochs? It wurdt pas dreech as je 'duiding' en datsoarte kreten op de matearje loslitte. Planút freegje oft se wolris in tik foar de kont krigen hat fan de baas is wat oars as 'Hoe soest yn it koart dyn gefoel omskriuwe as it om dyn profesjonele omgong en relaasje mei dyn baas giet?' Yn it earste gefal wie sa'n ûndersyk binnen in wike klear, soe it net? Mar klear, de hearen moatte it goed en yngreven dwaan, dus jouwe wy harren mar wat tiid. Om der no neat mear oer te skriuwen, sa't Postma en Van der Zwan wolle, liket my wat koart troch de bocht. De grutte wize fan belutsenens en it fatsoen dêr't de supporters en oare partijen oant no ta mei hannele ha hoecht in goed ûndersyk net yn de wei te stean. Der is gjin auto fernield, gjin rút is sneuvele, alle tegels en klinkers lizze noch dêr't se lizze moatte, dus gjin panyk. 

Wol is it yn dat ramt aardich om te hearren dat de stekwurden: meielkoar, waarmte, klupgefoel en noch wat fan dy termen as in mitrailleur oer de tafel fleagen yn it parsepraatsje. Noch net sa lang lyn wie der neat oan de hân. Ik wit net hoe't jim dêr oer tinke, mar in gruttere draai yn benadering ha ik net faak meimakke. Fan in heech út de loft wei: 'Is der wat mis dan?' oant in oprop om de klup wer sa te meitsjen as dat er wêze moat. It is nochal in ferskil, hear. Yn dit gefal: Lokkich mar. It bewiis dat wy mei syn allen net gek binne is levere, al sil Postma dat sa nea sizze, fansels.

It is spitigernôch net te ferwachtsjen dat der in bloch of sokssawat byholden wurde sil troch Vaessen en Koopmans. Eins hie in provinsjale of gemeentelike parlemintêre enkête wol sa aardich west. In iepenbier barren. Gewoan om der wat fan op te stekken, bedoel ik. Wy binne in dom folk, seit in net neier te neamen senior sjoernalist fan de Omrop wolris, no, dit hie krekt wat west. Streekrjocht op TV, de hiele dei, mei eftergrûn en analize petearen. Machtich yn dizze sloppe tiid. Reklameblokken fan fervefabriken, babypoeierfabriken, boubedriuwen, banken en oare folslein neutrale ynstellings. Goed foar de ekonomy en de Omrop. Helaas, we sille it hjir mei dwaan moatte.

Begjint it fuotbaljen al hast wer?   

Reacties

  1. Wat tinkst. Soe de RfK al min as mear op net sa aktief set wêze? Normaal sprutsen hie Pino it parsepraatsje ek dwaan moatten hawwe fan'e wike as net? Mar no siet der samar Anton Postma fan it stiftingsbestjoer ús in bytsje út te lizzen hoe wy ús as aksje fierende supporters gedrage moatte. Het moet verdorie niet halfwijzer....

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen