Streekprodukten



Skriezefestival op lêste momint ferbean

Unbegryp en lilkens by organisaasje Bier en Skries. ‘Hjir binne skriezen genôch!’

LJOUWERT- Yn sân hasten moast it beslút naam wurde, mar de skriezen yn de krite Idzegea kinne harren mar rêstich deljaan. ‘Yn Sina ite se hûnen, wêrom meie wy dan net in knapperich stikje skries op de barbekjû ha?’ Romke Fûgelflapper rint read oan as er de brief sjen lit wêryn’t de earste útfiering fan ‘Bier en Skries’ troch de provinsje ferbean is. ‘Alles wie regele, de skriezen wienen krekt fet genôch om se lekker systerje te litten op it fjoer en dan krije je dit,’ foetert Fûgelflapper. ‘Wy ite hjir al jierren skriezen, it tilt hjir op fan dy bisten. Boppedat hienen wy der in goed doel oan keppele, it doarpshûs moat in septic tank ha, mar no hat alles fergees west.’ Mei in wazige blik yn de eagen stekt Fûgelflapper in sigaarke oan. ‘Dy lju fan Kening fan de Greide sille der wol efter sitte. Dy miene dat der gjin skries mear is, no, lit se ris efter it buro wei komme en in loop troch it lân dwaan!’
By de provinsje woe in wurdfierder allinnich kwyt dat it festival yndie ferbean is, mar op fragen hoe’t dit beslút ta stân kaam wie, woe er net yngean.
Romke Fûgelflapper lit it der net by sitte. ‘Oar jier is der in skriezefestival. Ik ha yn Noard Frankryk wol wat konneksjes, dêr sjitte se de greidefûgels by boskjes út de loft, ik wol net leauwe dat se alle auto’s op in pûde mei farske skriezen kontrolearje sille, wol?’  

Reacties

  1. En ik sjong net mear: ljurk
    En ik ha in drege maitiid hân: ljip

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen