Moslims op it iis?



It soe samar kinne dat it iishockeyseisoen yn de USA hjoed oan syn ein komt. Yn de finale fan de Stanley Cup ha de Chicago Blackhawks noch ien oerwinning nedich om de Boston Bruins te ferslaan. No net miene dat Boston al ferslein is, want yn iishockey binne jo oant in tel foar de ein meastal net wis fan de priis.
Dit jier wie in nuver seisoen yn de NHL. De spilers staakten omdat se mienden dat se noch mear bûsjild ha moasten. Sa is der úteinlik mar in heal seisoen spile. Dochs wurdt der om de Stanley Cup spile, wylst dat net hielendal earlik is. In seisoen NHL is net samar wat, dat is hurd wurkjen.

Yn de tiid dat Ruslân noch USSR en CCCP hjitte, wienen de spilers fan bygelyks CSKA Moskou eins gewoan soldaten. As se net earne yn in fleantúch sieten, wachte harren treningskampen yn Archangelsk, op de poalsirkel. Frou en bern seagen se amper. De tiid fan de KLM line. Krutov, Makarov en Larionov. Legendarysk.

Mar ek de NHL is net foar mietjes. Fan begjin oktober oant ein april wurdt der yn in normaal seisoen 41 kear thús en 41 kear út spile. 82 hurde potsjes hockey. Dat is wat oars as de 34 kear dat de Sportklup Hearrenfean yn de kompetysje balje moat. Geandewei dy 82 wedstriden komme de teams oan it oerflak dy't it bêste, it technyske en it hurdste hockey sjen litte. Ferline jier wie dat Los Angeles, dat samar de mentale hurdheid fûn dy't je dêr foar nedich ha.

As de hearen de play offs helle ha, komme der in oantal nuvere foarmen fan bygeloof om de hoeke. Nea sil in spiler in beker oanreitsje dy't se wûn ha as se earste yn harren divyzje eindige binne. Boppedat liket de oer it algemien tige blanke sport (der binne mar in pear donkere spilers yn de NHL) wol folslein út mei woeste burden optuge Mohammedanen te bestean.
Oant se jo út de play offs miterje, skeare spilers harren net.

Dat smyt dus in freeslik ûnsjoch ploegje deawurge mutimiljonêrs op. Mar lokkich binne der cheerleaders.

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen