Is it oarloch?

Krapte yn oanbod en dêrtroch slaanderij by de voedselbanken. Wolkom yn ien fan de meast rike, ûntwikkele en beskaafde lannen fan de wrâld.

Wy bedarje yn in delgeande spiraal. Fan it regear moatte wy jild útjaan om de ekonomy wer op gong te helpen. It regear jout jild út oan te djoere en soms ûnnedige projekten. In tige lytse groep minsken wurdt smoarryk, wylst de rest wit dat de leanen beferzen binne as wurde. Hoe moatte wy dan jild útjaan, bêste hear Rutte? It jild is oan de ein fan de moanne skjin op by de measten, as se de ein fan dy moanne al helje. Hoe fier stiet de polityk fan de gewoane minsken ôf?
Alles wurdt djoerder, de wearde fan de hûzen sakket, de soarchpreemjes binne hast net mear te beteljen, de kosten fan dy soarch is mei miljarden omheech gien, wylst der op besunige wurde soe. Sjoch, de grutste domkop kin wol neigean dat hjir yts folslein ferkeard giet. De ferdomde partijdissipline makket dat sels al sjocht in blyn hynder dat it oars moat, nimmen út de skoalle klappe wol. Wa brekt ris mei dy foute tradysje?

Polityk lofts, rjochts as yn de midden? It is net mear fan dizze tiid. Alle partijen ha mar ien ideaal, plús. De PvdA is op guon punten rjochtser as de VVD, oarsom komt ek foar. Moatte der hurde nuten kreake wurde, komt it almachtige Brussel om de hoeke. Mei oare wurden, veel geblaat en weinig wol, wylst der grif politisi binne dy't it goed miene. Se sitte opsluten en fêstlaske.
Omdat der gjin ôfstannen mear binne, kinne wy net mear konkurearje mei lannen dêr't se simpelwei minsken 14 oeren deis foar in euro oan lean wurkje litte. Dat is in gegeven. En niet ien dêr't je fleurich fan wurde.

Hoe't it moat? Ik spruts lêstendeis mei in tige âlde frou. Dy sei: 'Ach, jo meitsje jo der no wol drok om, mar it is krekt as eartiids. Yn de 30er jierren wie it ek in drama, mar nei de oarloch binne wy moai by de wâl omheech klautere.'
Ik antwurde: 'Wolle jo dêrmei sizze dat it oarloch wurde moat?'
Se lake. 'Is it dat noch net dan?' 

Reacties

  1. Ik bin it tige mei dy iens dat it regear mar ris sjen moat wer as se de kommende 5-10 jier minder jild oan út jaan kinne. Jo kinne eltse kear jo lângenoaten wol útsûgje, mar der komt ris in ein oan. De oarsaak moat mar ris oanpakt wurde. As de Nederlander altiid mar opdraave moat om it jild wat it regear tefolle útjouwt op te hoastjen sille wy nea út de krisis komme. Dat kin allinnich as minsken jild útjouwe. Dat sizze yn elts gefal de measte ekonomen. En dy kinne as moatte it witte tink.... Mar dan moat der wol wat wêze om út te jaan fansels. Oars wurdt it nea wat.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen