Kanker

Samenloop voor hoop Surhuisterveen 21 en 22 juni 2013

Kanker. Op ien as oare wize krijt eltsenien der mei te krijen. Om jo hinne is altyd wol ien dy't de aaklige sykte hat, hân hat of der guon troch ferlern is.

Juster om acht oere begûn yn Surhústerfean, yndie, It Fean, de SamenLoop voor Hoop. 24 oeren lang rinne in stik as 60 teams folkontinu rûntsjes om jild yn te sammeljen foar de Kankerbestriding. Foppe de Haan joech it startskot. Doe't er dat dien hie, wie it earste rûntsje foar manlju en froulju dy't sels mei de sykte te krijen hân ha, as noch ha.
Dat wie in emosjoneel barren.

De organisaasje fertsjinnet fansels alle kompliminten, it is in rotsykte en dêr moat ûndersyk nei dien wurde. Mar my sakket de moed soms wol yn de skuon as ik al dy goed bedoelde en needsaaklike aksjes sjoch. Al dy frijwillige kollektanten, al dy ynspannings.

Nee, ik wol net eamelje. Nee, ik wol net negatyf wêze. Ik wol dat der goed ûndersyk dien wurdt. Mar ik kin der neat oan dwaan en jim sille it miskien net aardich fine, dochs wol ik it jim sjen litte.

Salaris algemeen directeur KWF Kankerbestrijding
Vanaf 1 mei 2011 is Michel Rudolphie algemeen directeur van KWF Kankerbestrijding.
Bruto jaarsalaris (incl. vakantiegeld) €143.221,-.

Dat is sawat 12.000 euro bruto yn de moanne. En de rest fan de meiwurkers lit harren ek net foarby partsje, klik hjir de link mar oan en jim kinne it sjen. Ik wurdt der mislik fan, dat sil ik jim earlik sizze.

Modaal ynkommen fan 2013 sit om de 33.000 euro hinne. 2750 euro yn de moanne. De measte minsken kinne harren dêr prima fan rêde. Wêrom moat immen dy't sa'n funksje hat 4.3 kear safolle krije? Bah.

Mar de dei yn Surhústerfean moat hjir net ûnder lije, alle sukses tawinske!!!




 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen