Patsers

Okee, efkes koart troch de bocht.

It swit rint my by de rêch omheech. En dêr ha ik freeslik de pest oan. Mei oare wurden, it is myn waar net. Soks sil troch de measte minsken as flokken yn tsjerke beskôge wurde, mar dat is dan mar sa. Ik gean net rjocht praten wat bryk is.

Noch wat, futters fan it manlik geslacht moatte daliks in fikse bekeuring krije as se mei ûntbleate boppeliif njonken de frou te fytsen gean. Better noch is helje se fan de dyk en slút se in dei as wat op. Leare se it teminsten ôf. It is gjin gesicht. Myn RamVan lûkt ôfgryslik yn it stjoer as ik sokken tsjinkom. Koarte broek is prima, mar doch asjeblyft in himd oan. Der is gjin minske dy't dat grize poddehier op it yn 'e regel útsakke boarst moai fynt. En as se sa nedich sjen litte wolle dat se de godgânske dei de tiid ha om yn 'e sinne te lizzen: It ynteresearret my my gjin donder. As wy der ea oan ta komme binne wy 80 jier en is it jild op. Patsers.

Sa.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen