De Pravda fan Smellingerlân

Juster stie op side twa fan de Ljouwerter krante in tige nijsgjirrich artikel. Ik bin sa frij west om it te kopiearjen. As dat net mei lûke se dêr yn Ljouwert de boete mar ôf fan myn rynske opbringsten fan de skriuwerij. Ik sjoch it as ekstra reklame, dus dêr komme we grif út, haha! It giet dus oer de jubelkrantsjes fan de oerheden. Eartiids stienen yn de Drachtster krante de gemeentelike saken ôfprinte, mar no ha we hjir yn Smellingerlân ek sa'n gemeentekrantsje. De Breedút, hjit it. Der sil grif in reden west ha om it op dizze wize te dwaan, mar it jout stikem it gefoel dat der gjin hoor en wederhoor tastien wurdt. It blêd, in goed kunde fan my seit der steefêst 'it sukkeltsje fan de gemeente' tsjin, wurdt folskreaun troch kritykleaze skriuwers. Yndie kinne, sa as it artikel hjirûnder al seit, blunders en minder populêre berjochten redigearre wurde nei de mienings en opfettings fan de minsken dy't op it gemeentehûs sitte. Yn Ingelân wolle se dat dus net mear. Boppedat rinne de regionale blêden de reklameopbringsten mis fan alle reklames dy't yn sa'n gemeentekrantsje komme. Ik bin eins wol benijd wat de fêste lêzers fan Stikelstekker hjir fan fine.
 



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen