Oepke en Sukkeltsje, wâldpiken

It is al in skoft lyn dat ik berjochte ha oer de beide (wâld)piken dy't hjir út it aai krûpt binne. Ik wie daliks al net al te optein oer de twa, mar it is allinnich mar minder wurden.

Oepke is in echte hoanne. Fjoerreade kaam, en sa eptich as guon politisi yn Den Haag. Dat is ek daliks it probleem. Sukkeltsje mei net bûtendoar komme. It stumper sit dei oan dei yn it binnenhok, wylst Oepke stoatersk troch it moaie waar rint. Rotsak. Sukkeltsje hoecht de kop mar troch it lûkje te dwaan of Oepke ropt en raast as in idioat en jaget har fuortendaliks wer nei binnen.

No ja, Sukkeltsje is der wol grut om wurden, sterker, twa dagen lyn hat se har earste aai lein. Fansels net yn it nust, dêr is it Sukkeltsje foar. No ha 'k it as in koai-aai op it goede plak lein, sjen oft ik har wat manieren bybringe kin. Fan Oepke hoech ik neat te ferwachtsjen. Mar ik ha in ferrassing foar him yn petto, dêr wit er noch neat fan. Twa hokken fierderop sitte seis hite wâldpiken op him te wachtsjen. Twa jier âld en o sa betûft yn it misdiedig behanneljen fan harren keardel. Oer in wike as wat lit ik him dêr by. Sjen hoe grut it ferhaal dan noch is.

Reacties

  1. hahaha.'t Is te hopen dat dy feministys instelde woudsy-hinnen dy macho-haan fan 'n Oepke 's 'n toantsy leger singe late!

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen