Wanfertoaning op de Feanhoop

Hjoed wie op de Feanhoop de twadde 'race' fan de skûtsjes.

It palaver smiet op dat der op tiid fearn wurde soe. Soks ûnder druk fan de skippers, dy't mei de knappe koelte út west súd west benaud wienen dat se mei de hiele klobbe boppe-op elkoar fleane soenen by Stobbehoek.

De kommisje is der foar omlizzen gien. Resultaat: De meast kloaterige fertoaning dy't ik ea sjoen ha. De fiersjogger is net út de tas west, sa saai. De nije generaasje skippers mei himsels wolris efter de earen klauwe oft sy en de fersekering baas wêze wolle. As oar jier wer op dizze wize fearn wurde sil, bliuw ik, en mei my in hiele soad oare minsken, thús. Kinne se moai sûnder gefaar foar oanfarrings harren rûntsjes draaie foar de helte minder minsken.

De skippers en de fersekeraars fan de skippen binne drok dwaande it skûtsjesilen út hannen fan de kommisjes te heljen. Ik wol net leauwe dat de Olympyske silers ek mar wat te sizzen ha oer der rûte. Dus as de kommisjes sloppe knibbels ha, binne de skippers baas. Mei as gefolch dizze wanfertoaning.

Net mei iens? Net sile? Prima. 14 punten. Niet aftrekbaar. Sa soe ik der mei ôfweve.  

Updeet: Yn de LC hjoed twa ynstjoerde stikken dy't de flier oanfeie mei de skippers.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen