Rolstoelferfier

It is wer fraai.

Minsken yn in rolstoel binne aanst oan hûs bûn, omdat ús regear it jild earne oars brûke moat. Jan Kees en syn maten sitte mear mei de grutte gefolgen fan it omdonderjen fan Spanje en Grikelân dan dat se harren bekroadzje om dizze ferjitten groep.

Lokkich brocht de LC ek daliks sydlings de oplossing foar it probleem: Sjoch, it giet om jonge minsken dy't selsstannich thús wenje. Ja, dat is ek dom, fansels. Skop se yn in fersoargings yts en alle (jild) pine is fuort. Ek komme se dan net mear yn in sosjaal isolemint.

It is net te leauwen. We ha it hjir net oer fee, mar oer libbene minsken mei in slimme beheining. Se binne soms net by steat om produktyf mei te draaien yn it reguliere proses. Ik krij al mar mear it idee dat je dan net foar fol oansjoen wurde, en der al hielendal net neffens behannele wurde. Lit se mar binnendoar fuortrotsje, mar jild sil it ús net kostje.

Moai lân hear, dat Nederlân.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen