Postbus 51

 

Sa stadichoan ferdwine der in oantal saken út it deistich libben wêrfan't je nea tocht hienen dat se ferdwine koenen. Nee, ik ha it net oer it swurd fan Grutte Pier.

Myn generaasje is fan de Brinta, stichting korrelatie en Toon Hermans. En fan Postbus 51. Gjin idee wat je der mei koenen, mar it wie sa wis as de bank, Postbus 51 wie der en soe wol nea wer fuortgean. No, wol dus. Wat in ellinde. Wie der wat mis mei Postbus 51? Ik ha noch nea in brief nei Postbus 51 stjoerd, mar it koe wol. Je wisten dat it der wie.

Komt der wer sa'n snelle jonge dy't him fansels ferfeelt yn syn net besteande funksje as twadde graads manager fan in net neier omskreaun, mar tige wichtich takomstich út te fieren projekt, en dy tinkt op in dei: Kom, lit ik der ris mei dwaande om Postbus 51 in oare namme te jaan. Jo dogge wat om yn de skiednisboeken te kommen. Wat in dweil. Hie him de húskepotten skjinmeitsje litten. De heale naasje yn ûnstjoer omdat Postbus 51 aanst eh... Hoe hjit it aanst ek al wer? Gjin idee.

Soks moatte immen fan boppe de fjirtich net mear oandwaan. Dy binne ommers al ôfskreaun troch de bazen. Stel dat se troch in slim barren in brief nei Postbus 51 stjoere moatte? Binne se der mei oan. Gjin flau idee wat it adres no is. As ik alaarm slaan moat, belje ik noch 06-11. Dat wie yn 1990, doe naam ik soks noch wol op. No net mear, dus mochten jim my earne treffe en ik moat foar jim de helptsjinsten belje? Stjoer mar in brief nei Postbus 51. Dat komt ek net goed. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen