Bilker en de Ljouwerter krante

Als iedereen zegt: het is waardeloos, het wordt hier ook niks, of men speelt op de man, dan heb je echt een imagoprobleem.

Dat is in sitaat fan boargemaster Bearn Bilker. Hy skreau in kollum oer de saken dy't yn Kollumerlân spylje, en it ferslach dat de LC dêr oer docht. No wit ik út tige betroubere boarne dat mocht der earne in negatyf stik skreaun of filme wurde oer bygelyks de sintrale as, der daliks in oantal âldfaders, djip út de Wâlden, oan de bel hingje om harren ergernis dêr oer út te sprekken. Dus hoe't de LC en de boargemasters troch de tiid komme is my wol goed.

It giet my om it sitaat. Nijsgjirrich. Draai dat ris om. Dat wurdt it sa yts as: As eltsenien seit dat it geweldich is, as we it net dogge wurdt it hjir neat, en we spylje dêr by op de man, is it paad sljochte foar in prima imago.

Sjoch, dan ha jo de keutel by de skjinne ein. It is mar krekt hoe't je der yn sitte. Beide sitaten binne brûkber. Ik neam mar in pear dwersstrjitten: Euro, Europa, Sintrale As, Wilders, Kearnwapens, Frysk, Besunigje en sa kin ik noch wol efkes trochgean. Lofts- of rjochtsom, pak jo sitaat en klear is 't.

Soks hjit polityk, as it my net mist.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen