Claudio Berry





Witte jim wêr't dit gebou stiet? Der binne grif in soad dy't it net witte. Sels minsken dy't der flak by wennen hienen der gjin idee fan. As jonkje slûpte ik wolris troch in gat yn it gaas en fernuvere my oan de tropyske planten dy't der winterdeis yn stienen.

Juster ha ik wer ris nei myn âlde buert west. Brongergea. Jim ha it miskien sjoen op de Omrop, der is in boek oer skreaun. It gea fan Bronger, hjit it. Ik sil it hjir net besprekke, dat lit ik oan in oar oer. Ik stean der ek noch yn, mei heit op de foto, yn de Fryske stâl, mei it reabûnte fee op de eftergrûn. No, toe dan mar. Myn broer en sus komme der wat sneu foarwei, dy binne net ôfbylde. En mear sis ik der net oer.

Dit prachtige âlde gebou wie doe't ik lyts wie, in suterich, ferfallen ding. Oars nearne goed foar dan as opslachplak foar de palmbeammen en oare útwrydske soarten dy't de adel simmerdeis yn de tún hie. Wy as gewoane stervelingen mochten dêr net by, fansels. Letter gie de tún iepen foar besikers. Dêrmei ferlear it syn magyske karakter. No wie it foar eltsenien tagonklik.
Se wolle yn dit gebou no konserten organisearje en in teehûs fan meitsje. It sil ek wol moatte, ditsoarte saken binne djoer yn ûnderhâld.

Je fine dus nea wer werom wat je efterlitten ha. Ik wit noch dat ik altyd oer it skouder seach, oft Klaas Bergsma my ek efternei kaam. Yn de hjerst stikem tamme kastanjes sykje. Dy wienen dêr by it soad, en yn de oare bosken hast net.
Klaas wie de behearder fan it terrein. Artystenamme Claudio Berry. Hy spile gitaar (meastal bûtendoar) en wenne yn it lytse hûske dat je as earste tsjinkomme as je de Marijkemuoiwei yn ride. Ik sis it mar efkes, omdat ien fan de kleurrykste figueren dy't ea oan de Marijkemuoiwei wenne hat, folslein net besprutsen wurdt. Se ha de skieding flak njonken syn hûs yntekene.

Hawar, no bin ik dochs oan it besprekken en dat soe net. Mar Klaas mocht wat my oanbelanget net ûntbrekke. Al wie it mar omdat er as iennichste 25 gûne joech by it Sintemarten rinnen. Claudio Berry, in Brongergeaster.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen