Alkohol boppe de 18, kontrôle yn De Sweach?

We gean foar in part werom nei de jierren 20 fan de foarrige ieu. De braafste jonkjes en famkes fan de klasse, ûnder oanfiering fan Sander de Rouwe út Boalsert, ha it safier krigen dat de leeftyd om legaal alkohol te keapjen nei 18 jier giet. De droechlizzing fan 2012.

Der is wat foar te sizzen, fansels. Bern dy't harren yn in koma sûpe. Mar hoe komt dat? 20 jier lyn bouden we kastielen fan bierkratten op Skylge. Nea ien yn koma sjoen. It kaam foar dat der ien healwei yn de berm de nacht trochbrocht omdat er paad wat bjuster wie, mar dêr bleau it dan ek by. No bringe se elts wykein guon nei it krankenhaus en slute se der in ynfús op oan.

Is de jeugd oars as 20 jier lyn? Of komt it omdat de drank yn de kroech sa djoer is dat se thús yn rap tempo seis soarten trochelkoar sûpe omdat se dan wat 'losser' nei de disko gean kinne? Piltsje der by en de sfear sit der aardich yn.

De leeftyd nei 18 jier bringe sil neat opsmite. Omdat eksessen, lykas komasûpen is, der bliuwe sille. Sterker, ik tink dat omdat it net mear mei, de drang om it te dwaan grutter wurde sil. Ynternet lit keurich sjen hoe't je fan ûntstoppingsmiddels in drug meitsje kinne. Moonshine neamden se dat yn de USA, illegaal stookte drank. En doe wie der noch gjin www. Yn mannich hûs en skuorre sil dus gewoan trochgean wat no ek al geande is.

Dus is it in papieren wet, dy't ta meardere eare en gloarje fan de 'man on a anti alkohol mission' Sander de Rouwe troch it CDA mooglik makke wurdt. Ek de oare kant, de PvdA, is der foar, by the way.

Wat is dan de oplossing? No, dizze wet net, dat liket my helder. Fansels sille se nei krekt wat te koarte tiid mei sifers komme dy't dúdlik sjen litte dat it geweldige resultaten opsmiten hat, dy nije wet. Mar nim dat mar mei in kerrel sâlt, dat is polityk.

Hjoed stie in stik yn de krante oer it konsert by Lauswolt. Netwurkje mei klassike muzyk. En sûpe as twa oaren, 'over de BOB werd niet gesproken', skreau de ferslachjouwer. Guon fan dat folk lizze ús de wetten op. Mar as je efkes lekker 'onder mekaar bent', fier fan it gewoane pleps, jilde der skynber oare wetten. Neat heard fan in alkoholkontrôle yn Beetstersweach, de plysjetop sil der ek wol west wêze. Mar dit efkes ter zijde.

Oplossing? Alles mei mate, sa learden se it ús. En net ferbiede, dat wurket dwersferkeard. Komme allinnich mar mear deaden fan.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen