Smelle Ie en de omkearde himelfeart fan in boargemaster

Ha, in soad dêr't ik oer skriuwe kin.

Earst mar efkes Smelle Ie. Dêr is in auto fan in frou fûn. Se is fermist. Soks is slim. Mar de plysje makke bekend dat der net mear socht wurde sil. Yn dit berjocht stiet it: http://www.omropfryslan.nl/nijs/syktocht-stopset
No is it meastal sa dat de dei neidat se ophâlde te sykjen, it omskot fûn wurdt. Dus, dwers as ik bin, tocht ik, ik sjoch dêr efkes. It is flak by. It wykein foarsizze se knap waar, dus jo wolle leaver net dat bern dy't dêr swimme sille in lyk tsjinkomme, no? Ik ha it sels in kear meimakke, siet ik te fiskjen, dreau der ien foarby. Net in aardich gesicht. Klear. Ik kom dêr, wat sjoch ik? Krekt. It dûkersteam fan de plysje. Dat wie der dus wol. Miskien is it 'objekt' sjoen, of ha se it parseberjocht útgean litten omdat se gjin pottekikers ha wolle, ik lit dat mar foar wat it is. Feit is dat jo tochten dat se der net wienen en ik sjoen ha dat se der wol wienen, dat woe ik der mar efkes mei sizze.

Wêr ik it eins oer ha wol, is de boargemaster fan Flylân. Dizze man is fan doel om út de himel wei te kommen en himsels tusken gewoane minsken te bejaan. Dat is nijs. Hy sil meidraaie yn de betsjinning, en sels in nachtsjinst fan de plysje meirinne. Om te fielen en te fernimmen hoe't it is om in gewoan minske te wêzen.
No, bêste Boargemaster Yorick Haan, wolkom op ierde. Sjogge jo ek efkes nei de fertsjinsten fan it fuotfolk? Tige tank. As jo dat sifer fernaam ha, sil dizze aksje wol by ien kear bliuwe, bin ik bang.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen