Teletekst

In lyts drama hjir.

De ôfstânsbetsjinning fan de tv is helaas ferstoarn. Soks is net bêst, omdat it model tv noch brûkt is troch minsken doe't se noch op in fyts traapje moasten om stroom te meitsjen. No kin ik dus net op teletekst sjen hoefolste Pieter Weening wurden is. Ik bin in teletekst freak. Wit in soad siden út de kop. 860 is iishockey. 818 is balskoppen. 704 it waar. Sa kin ik wol trochgean. 502 is ek waar, mar dan fan de Omrop.

Dus no speure om in nije ôfstânsbetsjinning. Ik ha hjir en dêr al wat sjoen, mar dat is yn Hollân. No wol ik wis wêze dat sa'n nij ding it goed docht, oars ha je dûbel wurk. Dus soe ik it leafst mei immen belje, om te freegjen oft myn Deawoo teleteks it dwaan sil mei dat apparaat fan de online winkel. Dat is net mear fan dizze tiid. Jo dogge alles online. Mar ik set troch. Ik wol perfoarst immen oan de tillefoan ha.

Model 14c3. As je it googelje komt er net iens yn byld. Mar hy docht it noch tige, dus ik keapje gjin oare. Nije wike mar ris wer yn it waar sjen.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen