God op ierde

Ik leau dat it ek al ris oarsom west hat, mar dizze kear is Daam de Vries my folslein foar. http://webdok.nl/?p=2334

Omdat ik kreas herfoarme grutbrocht bin, woe ik it dochs noch mar efkes út dy hoeke wei beljochtsje. Wisten jim wol dat twiveleftige figueren lykas de dame hjirûnder it plak fan God op ierde ynnaam ha? De soarchfersekerders sizze tsjin minsken mei in slimme spiersykte: 'Jammer, jo binne ús te djoer. Gean mar fêst, wy sjogge jo faaks nea wer yn 't libben. Mocht der tsjin ús ferwachting yn wat nei dy tiid wêze, ha we it der dan noch wolris oer. Is alles dochs noch goed kaam, mochten we elkoar dan wer treffe.'

Dat se de om it jild ta de dea feroardielden harren libben en dêrmei wierskynlik ek it fermogen en de wille om der noch in bytsje fan te meitsjen ûntnimme, litte we mar foar wat it is. Sy binne no ienkear boppe ús steld, no? 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen