Krymsk

Slim dêr yn Ruslân. It wetter komt mei bakken út de loft. Mar wêr is dat no krekt? Tiid foar in update, dy't de NOS net jout.

It plak dat swier troffen is hjit Krymsk. Dat leit flak by de Swarte See. In tige nijsgjirrich plak. Der wenje no sa'n 60.000 minsken, en it is noch net sa âld. It is stichten yn 1858.

Mar dat is net wat opfalt. Krymsk hat wat bysûnders. Der sit in eksperimintele plantenkwekerij. In wittenskiplike database soenen je sizze kinne. Wat ha se dêr dan? Earte, mais, tomaten, aubergines, komkommers, perziken, prommen, parren, abrikoazen en ierbeien. It stasjon hat de grutste kolleksje oan stienfruchten en kweeparren yn hiel Ruslân en alle eardere Sovjet steaten byelkoar.
Boppedat is it plak ferneamd troch it meitsjen fan ûnderstammen foar fruitbeammen.

Op it kaartsje is de regio Krasnodar ôfbylde. Ja, dat lytse reade stikje, dat is it. Ha jim in idee wêr't it sawat leit. Sa sjogge je mar wer. It plak Krymsk hat ek wer wat spesjaals. It liket Brussel wol. No mar hoopje dat al dy planten net nei de Swarte See spield binne.

 Map of Russia - Krasnodar Krai (2008-03).svg


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen