Viva Olympia, viva Bombatsia

 

Jûn sil it heve. De musical fan OBS De Finneblom. In soad tiid en muoite is der yn stutsen. Wêr't in lytse skoalle grut yn wêze kin.

Undersyk hat opsmiten dat it ferdwinen fan in legere skoalle net de deastek foar in doarp is. Wat opfoel is, dat de dame dy't it presintearre Nederlânsk spruts. Ik wol dêr gjin konklúzjes en suggestive opmerkings oer meitsje. Mar lit ik dit der oer sizze, it wie net oertsjûgjend.

Fansels is it ferdwinen fan in legere skoalle in ramp foar in doarp. Wat de mei mienskipsjild betelle ûndersiken ek sizze. Bollestront, dat is it. Stel ik wie 20 jier jonger, hie krekt de lapen gearsmiten en wy wienen fan plan om neiteam oan te setten. Dan moasten we noch earne wenje.

Doarp A: Leuk doarp. Winkel en bakker. Gjin legere skoalle, dy is trije kilometer fierderop.
Doarp B: Leuk doarp. Bakker, winkel trije kilometer fierderop. Wol in legere skoalle.

En wat tinke jim dan? Krekt. In waardeloas ûndersyk. Fansels soenen we yn doarp B wenjen gean as de kar der wie.

Wy ha hjir in iepenbiere legere skoalle, dy't it prima docht. Soks komt fansels omdat we in tige goed team en MR ha. (Ahum...)
Nee, sûnder gekheid, it is prachtich foar de leefberens fan in doarp dat je in skoalle ha. En de drompel foar jonge âlden om har dêr te wenjen te setten sil altyd leger wêze dan as der gjin skoalle is. Wat se der ek oer ûndersykje. Soks hjit net ûndersyksresultaat, mar boereferstân. Brûkten se dat mar ris wat faker.

Reacties

  1. Okee, mei dy iens oer de lytse skoalle op it doarp. Unmisber, mar je moatte ek realistys wêze, want der binne grinzen. As it finansjeel of kwa grutte echt net mear kin en de kwaliteit ûnder druk komt, moatte je klusterje, hoe dan ek. En dan net wachtsje oant it wetter je oan 'e lippen ta stiet, mar de ear oan jesels hâlde en foarútsjend beslute dat it sa net folle langer trochgean kin. En dat is lestich, sa'n beslút nimme mei it each op de takomst. Want dêrfoar krije je de hannen net op elkoar yn ús moaie, lytse doarpen.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen