Peter Alliss op Royal Lytham & St Annes Golf Club

 Clubhouse in July 2009 Kluphûs fan Royal Lytham & St Annes Golf Club

Ien fan de hichtepunten fan de simmer is foar my it Britsk Open. Golf. Fjouwer dagen lang streekrjocht op de BBC te sjen, mar foaral te hearren. Hat it hurdfytsen Mart Smeets en Michel Wuyts, dan hat it golf dochs grif Peter Alliss (berne 28 February 1931). Hearlik Britsk kommintaar, mei sa no en dan treflike humor. Alles goed dosearre. Net te bot, mar wol to the point. 


Dit jier is it toernoai oan de westkust fan Lancashire. Preston, Fleetwood en Blackpool, dy hoeke. Royal Lytham & St Annes Golf Club hat dit jier de eare om it meast oansprekkende golf evenemint te organisearjen. Foar de 11e kear, de earste wie yn 1926. 


Altyd op in Links baan. Dat is Skotsk. Yn de dunen. As it treft, waait it hurd en reint it as in kring. Dat is net foar popkes, mar dêr komme de echte spesjalisten nei it oerflak. 


Fjouwer dagen lang. Mar dat is gjin straf, want Peter Alliss ferfeelt gjin tel. As jim witte wolle wat de man allegearre wûn hat: http://en.wikipedia.org/wiki/Peter_Alliss


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen