Astronaut

 

Dat liket my in aparte sneintemoarn foar sa'n Andre Kuipers. Niis is er op de steppe fan Kazachstan delkaam.

It soe neat foar my wêze. Claustrofobie yn optima forma. Dêr sitte je yn sa'n blikje en je kinne der neat oan dwaan. Sûn liket it my ek net ta, se komme der as sloppe poppen út. De astronauten wurde de kommende moanne libbe. Revalidaasje om wer oan de swiertekrêft te wennen, medyske ûndersiken en in sperfjoer oan petearen hoe't se it dêr op 400 kilometer hichte hân ha. Foardat se wer in eintsje mei de frou omfytse kinne is it ein july.

Foar in soad minsken is astronaut wêze in jongesdream. En as je de bylden sjogge oer hoe't se gewichtsleas nei de blauwe ierde loere kin ik my dat wol yntinke. Mar de reis hinne-en-wer-werom? Brrr, ik moat der net oan tinke. Krekt wat te faak nei de film Apollo 13 sjoen. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen