De Lêste Trúk

No, ik skyn wer aardich rjocht ynmekoar te sitten. Teminsten, dat seit de wûnderdokter. Hy hat my in pear wiken efterelkoar mei in hammer op de rêch omslein, sadat alle wervels wer sitte sa as dat wie doe't ik op de wrâld kaam.
No seis wiken wachtsje oant it brein oan de nije situaasje wend is. Ja, dat is wat. Jo grize massa is it net daliks iens mei it feit dat je wer rjocht binne. Kinne je neigean hoe ploaiber jo geast is. Dy nimt oan dat as de rommel bryk sit: No, it sil wol sa hearre.

Eins moast ik no rêstich oan dwaan, sei de dokter. Doe't ik him frege oft er wol wist hoe hurd it gers waakst, begûn er in ferhaal oer Súd Afrika. Dat de bosk dêr ek tige hurd ta de grûn út sjit. No, dêr wist dizze Fryske skriuwer wol rie mei.

Ik sei tsjin him: 'Dat stiet ek wol yn myn nije roman, it Kruger Park en sa mear.'
'O?' sei er.

Jim fiele it al oankommen, hy hat ien eksimplaar fan De Lêste Trúk kocht. Komme al dy djoere besites wer wat op je ta, is 't net sa?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen