Maarten de Jong

 

Nei oanlieding fan it artikel yn de LC fan hjoed.

Ik ha myn earste flierbedekking kocht fan Maarten de Jong. Hy wurke doe by Lippe Lap yn It Feen. Semi prof by de Sportklup wie er doe. Aardige keardel. Lyts fan stik, mar koe goed ferkeapje. It wie de tiid fan Riemer en de opbou fan de SC ta in folweardige balskopperij. Lippe Lap wie ien fan de grutte sponsors yn dy tiid.

We kamen fansels al gau op 'e tekst oer it fuotbaljen. Maarten hie en hat in flotte babbel, en wie en is in úthingboerd foar de SC. Sa as doe sil it net wer wurde, ik sjoch in prof fan no net flierkleden ferkeapjen, miskien soe Breuer noch in útsûndering wêze kinne.

It docht my sear om te lêzen hoe't Maarten de Jong behannele is troch de hjoeddeistige lieding. Ik ha my faker bot kritysk útlitten oer de foarsitter, mar no hearre jim it ek ris fan in oar. En fan hokker oar. Ien dy't, op in eskapade by Grins nei, altyd ferbûn west is oan de SC Hearrenfean. In klupman yn ieren en sinen. Ien dy't Romario alle hoeken fan it fjild sjen liet, omdat er de opdracht krigen hie om him net in tel los te litten.

Maarten de Jong liket my gjin liger. Wêrom soe er? As hy seit dat de foarsitter ynhâldlik taal noch teken fan him hearre litten hat, leau ik dat. It meast slimme fyn ik dat er de hoop útspruts dat de seisoenskaarten dy't er foar it libben krigen hie, der noch wêze soenen. Foarsitter Veenstra sei fansels daliks dat dat sa wie. Net dat er it sels wist, mar stroman Johan Hansma moast soks foar him útsykje. Harrejasses, wat in freeslik stikje arrogânsje. As er in keardel wie, joech er syn salaris fan dit jier werom oan de klup, om noch in echte fersterking oan te lûken. Hy hat yn it ferline genôch garre om in sabbatical kwa jild yn te laskjen.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen