Douwe Kootstra nije wike yn Omnium

Hast klear mei fervjen, mar it is my no te waarm. It knapt der fan op, oars smiet ik daliks de brot yn de kliko, it is myn hobby net.

Goed, hjoed begjinne de Olympyske Spullen yn Ingelân. Ik krige juster in mail fan skriuwkollega Douwe Kootstra, mei dêr yn de meidieling dat er De Lêste Trúk lêzen hie. Moai.

Mar dat is net wat ik fertelle wol, Douwe is no yn Londen. Dêr sil er nije wike as in razende reporter alle dagen om healwei tolven in sprutsen sfearferslach oer de Noardsee hinne stjoere. Yn it programma Omnium, fan de Omrop, om healwei tolven moarns te beharkjen. Oanrieder.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen