Literêr hier

In koart literêr blochje. Hoewol, literêr?

Hjoed in primeurke. Skriuwer sil nei in filmset. Ik kin en mei der noch net it measte oer sizze. It feit dat ik nei de kapper west ha, wol net sizze dat ik de haadrolspiler bin, sterker, ik ha gjin rol. Leau ik. Docht der ek net ta, it liket my wol aardich om soks in kear fan tichtby mei te meitsjen. Oer in pear moannen sil dúdlik wurde wat it opsmiten hat.

Oer dy kapper: ik krige fia twitter in freeslik ûnearber oanbod út Snits. Omdat ik tige fatsoenlik bin, sil ik net sizze wa 't de skriuwer wie. Dizze persoan bea my in tondeuze oan, blinder! It moat fansels net mâlder. Binne je jierren dwaande om tige soarchfâldich in imago op te bouwen kwa hier, komme se mei sa'n hageskjirre oan. Ik mei myn eigen hûs net mear yn as ik myn krollen der ôf fykje. Dus net wer fan dizze grappen, graach.
De Friese Pers Boekerij soe ek raar guod spuie, ha se foar myn lêste boek in djoere nije omslachfoto makke, kom ik mei in keale knikker troch de doar. Sa rynsk is it net mei dy Fryske skriuwerij, dus jo moatte hoeden mei jo imago omgean. Boppedat ha ik in dobbe yn de plasse. Dat is nijs, as bern bin ik in kear mei de kop op de râne fan de izeren wettertonne mitere, dus it is gjin gesicht sûnder hier.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen