Ligers

Om nei juster noch efkes op it waar troch te gean, it is fansels in drama.

Alle minsken roppe en raze dat it no dan einliks simmer is. En dat se der sa lang op wachte ha. No, ju. Wat wol it gefal? It stroomferbrûk fleant omheech mei dit waar. En wêrom is dat, leave sinne oanbidders? Omdat it gros fan jimme no noflik yn 'e hûs sit mei de airco oan, en op twitter set dat jimme sa bliid binne dat it einliks lekker waarm is. Mar as de kniper op 'e skine komt sitte jim binnendoar. Omdat it dochs wol 'vochtig warm' is.

En dan begjint it grutte lekskoaien. We ha hjir ek gjin gewoane waarmte, nee, en yn it wykein komme der al wer tongerbuien, hast it wol sjoen op buienradar? Ja, no, en dat wie it dan wer mei de simmer, tink? As wy der oan ta binne sil it wol wer reine. Ja, hoe kâld stiet dy airco eins? It is hjir ek net te bankjen sa waarm.

Ligers binne jim. Dêr yn jim ergonomysk ferantwurde kuolle kantoarkes en nijbouhokjes. Der is neat oan, dy hitte. Bisten lizze te sliepen as it sa waarm is. Wy binne der net op makke, doch dan ek net as heart it sa.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen