De Drachtster feart

 


De Drachtster feart komt foar in part werom. Soks is goed foar de hoareka, ûndernimmers en Drachten sels. Sizze se. Ik seach al tweets foarbyfleanen oer in terraske oan it wetter.

Ik hoopje echt dat it bringe sil wat men der fan tinkt dat it bringe sil. Mar dat Moleneind is fansels gjin strjitte mei moaie Amsterdamske hûzen. Dêr kinne de minsken dy't dêr wenje neat oan dwaan, en de gemeente ek net. It is wat it is, en dat is 't.

Praktysk besjoen lykje de foarútsjoggen net al te geunstich. Jo ha in boatsje en farre moai fan Grou rjochting De Feanhoop. En wat dogge je dan? De hiele Ie del om in dearinnend stik feart te besjen? Ja, jo kinne moai nei de Aldi yn Drachten. Mar yn Earnewâld is ek wol in pak molke te keap.

De pest is dat as je der ien kear west ha, ik net ferwachtsje dat it boatsjefolk kear op kear weromkomme sil. Jo kinne net fierder. As de Drachter feart no op ien as oare wize op de turfrûte oansletten wurde koe, ik neam mar wat, dan koenen jo in rûntsje farre. En ik bin der wis fan dat it dan wol drok wurde soe. No sil earst it nije stik feart efkes besjoen wurde, mar dan is de aardichheid der foar de toeristen grif ôf. En dat is skande foar alles dat him no ophinget oan dy feart.

De koarte termyn is prachtich. In soad wurk en drokte. Miskien dogge se oer 50 jier wol wat op it printsje stiet, nammentlik de boel wer tichtsmite. Sa hâlde je wurk.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen