Posts

Posts uit oktober, 2012 tonen

Geitehok

'Master?' 'Ja, jonge, wat is der?' 'Hoe wurket polityk?' 'Wêrom fregest dat?' 'Ik wol in hok foar de geit timmerje, en heit seit dat je soks net samar dwaan meie. Dêr moatte jo in fergunning foar ha.' 'Aha. No, dat is te sizzen, sjoch, yn 'e regel wurket it sa. Do wolst in hok foar de geit meitsje, en do witst krekt hoe ast dat ha wolst. Of net?' 'Ja, it moat in moai hok wurde, mei in puntdak.' 'Krekt. No, dan moatst mei in tekening nei de gemeente gean en in hok mei in plat dak oanfreegje. Of noch better: gean der sûnder plannen en tekening hinne.' 'Dat snap ik net.' 'Nee, dat is ek dreech út te lizzen. Sjoch, ast de man dêrst mei praatst it idee joust dat er it sels betocht hat, spilest folle mear klear dan ast seist: ik wol in geitehok timmerje, en sa moat it der út sjen.' 'Master?' 'Ja, jonge, wat no wer?' 'Hoe wit master dat?' 'Jaaaaa... Dat is in lang ferha

De boekeklup fan Bro De Vries

Buro de Vries, in programma by Omrop Fryslân, sneins tusken 11 en 1 moarns, hat de beakens wat fersetten. Foar de echte trochsetters kwa Frysk proaza wie der altyd de boekeklup, ien kear yn de moanne, op de lêste snein, besprutsen fjouwer minsken ûnder lieding fan Karen Bies in boek. Nederlânsk of Frysk. No ha ik begrepen dat omdat Karen nei de TV oerstapt is en dêr tige goed Hjoed presintearret, der in grut swart gat yn Omroplân fallen is. En dat, omdat Karen net mear oer de boeken kediist, de Omrop út  presintators fan in boekeklup rûn is. No liket my dat wat koart troch de bocht, mar in oare reden skynt de sinteraasje te wêzen. Correct me if I'm wrong. De boekeklup is ter ziele. Yn de nije opset sil in oantal oare minsken (kultuersnuvers, sa't it op de side fan de Omrop stiet) nei foarstellings en tentoanstellings ta. Ek sille se ien kear yn de safolle wiken in boek besprekke. As se dat no ien kear yn de fjouwer wiken dogge, bliuwt alles by it âlde. Allinnich mei oare

God en de duvel

It is wat as je sa glei op it plús binne dat je oer alle skaden hinne stappe wolle. Drs. ing. G. (Ger) Jaarsma fan de VVD en Martin Schellenberg fan de PvdA binne wakker op 't skik mei de plannen dy't se yn Den Haag betocht ha. Dat fertelden se op de Omrop. Fansels is it jaan en nimmen yn in gedrocht fan in kabinet mei de PvdA en de VVD, want God en de duvel sliepe leafst net njonken elkoar. Mar o, wat sil dat plús aanst lekker sitte. Sa lang't it duorret, ja. Ik wit wol, it maklik om oeral op ôf te jaan. En dat is ek moai en lekker en leuk. Mar frijwat goedkeap. Ik sil der ek daliks mei ophâlde, mar net neidat ik myn fernuvering útsprutsen ha oer de beide hearen. Dit berjocht stie yn de Volkskrant fan hjoed: De provincie Friesland zal 'onverkort vasthouden' aan haar zelfstandigheid. Dat zegt het Friese College van Gedeputeerde Staten vandaag in een reactie op de kabinetsplannen voor de vorming van vijf landsdelen. Groningen, Drenthe en Friesland moet

Noardlik lânsdiel: tiid foar harde actie

Afbeelding

De Rink, de boargemaster en Diederik Samsom

Wer in prachtige dei hân, minsken. Twa kear ta de sek ta wiet, mar jo moatte der wat foar oer ha. Plan de kampanje wie hjoed om mei de heechste klassen fan OBS de Finneblom nei it gemeentehûs. Foar de tiid noch efkes gau in post op Feestboek setten, dêroer aanst mear. Moai, it reinde as de sykte, mar wy binne hjir yn de Wâlden net fan sâlt, dus der midden, heite. In kreaze blondine fan de ôfdieling kommunikaasje die it wurd, en der hong ek in riedslid yn de foar in riedslid karakteristike pose yn in stoel. Treflik. Healwei de preek kaam ús nije boargemaster op it akwarium oanrinnen, en bleau efkes stean om te sjen hoefolle nij talint der yn de gemeente Smellingerlân, sis mar net Drachten, te bewûnderjen wie. Ik siet fansels op de efterste bank, dan kinne jo de boel oer sjen. Van Bekkum soe hast trochrinne, mar ik tsjutte dat er mar efkes syn plicht dwaan moast as boargerheit. 'Sizze jo ek wat, dat is krekt wat echter,' sa sawat. No, dat hat er dien. Klasse, hear. De dame f

Histoarysk besef

Afbeelding
Moai kyltsje hear. Liket wol wat op dat fan Napoli. Mar dat nimt net wei dat der fansels pompeblêden op sitte moatten hienen. En dan net allinnich op it logo. Is de kleansponsor fan de SC net oan it ferstân te peuterjen dat wy in shirt mei tradysje ha? O, nee, wa soe harren dat fertelle moatte...

Heart - These Dreams (Live-HQ)

Afbeelding

Led Zeppelin sûnder manlik wjirmfoarmich oanhingsel

Afbeelding
Omdat ik it tasein hie, in besprek fan in boek. Der sil dochs ien it dwaan moatte, de Omrop, no ja, lit ik dêr mar net tefolle oer sizze. Op internet kaam ik it berjocht tsjin dat der in biografy útkaam wie. No bin ik net sa fan de bio's, mar dizze moast ik perfoarst ha. Kicking and Dreaming hjit it boek. A story of Heart. Al sa'n 30 jier bin ik in grutte oanhinger fan de Amerikaansk/Kanadeeske band Heart. Foarme om de suskes Ann en Nancy Wilson hinne. Ann, berne yn San Diego, wie de twadde dochter, Nancy, dy't yn San Francisco op de wrâld kaam, wie de Benjamin. Harren âldere sus hjit Lynn. Harren heit siet by de marine, en reizge de hiele wrâld oer yn tsjinst fan de stars and stripes. Dat hie as gefolch, dat mem en de bern op wol tritich (!) plakken wenne ha. Ien fan de gebrûken wie dat as der wer ferhuze wurde moast, alle famyljeleden as ôfskie harren fuotten fagen op de matte, om dêrnei de doar fan it âlde hûs efter harren ticht te lûken. Dizze running gag komt it h

De nacht fan de nacht

Hjoed giet de wintertiid yn. De kommersje hat dêr daliks in evenemint oan keppele: De nacht fan de nacht. No bin ik net fan doel om dêr oan mei te dwaan, ik fyn it noflik om in oerke ekstra te sliepen. It skynt sa te wêzen dat jûn op in soad plakken de oerstallige ferljochting net baarne sil. En dêr is nochal wat fan. Yn it ramt fan de doarpsfernijing ha we hjir yn it doarp in oantal 'aksinten' krigen dy't jûns oant âlve oere yn de skynwerpers setten wurde. In beam bygelyks. Mei freeslik grien ljocht. As je der op ta ride, liket it oft de Hulk yn de gedaante fan in iik rey nkarnearre, en yn Boarnburgum telâne kaam is. Ek baarne der ledlampkes op in steger yn de sleat by it ynkommen fan de beboude kom. Net dat der in boat oanlizze kin, der lizze in oantal dammen op wei nei de Ie dy't dat ûnmooglik meitsje. Ek de tsjerke stiet yn it ljocht. Dat binne wol goed keazen skynwerpers, moaie sêfte kleur. Mar is it nedich? As je jûns nei It Feen ride, komme jo by it klaver

Boekekast

Afbeelding
Ik hear jim al sizzen, leuk en aardich, mar hy betinkt mar wat dêr op Ensafh. No, ik dacht het niet.

Hannen ôf fan de Rink

Ja, ik wie ek yn Tresoar by de útrikking fan de Obe en de Fedde. Ja, ik wol ek graach dat dy prizen bestean bliuwe. Ja, as ik kin, kom ik ek nei de middei yn kafee Wouters. Nee, ik bin it net iens mei in punt yn de opstelde brief. Dit stiet op de side fan de gemeente Smellingerlân: Rink van der Velde prijs Tweejaarlijkse literatuurprijs In 2003 werd door de gemeente Smallingerland samen met de Friese Pers Boekerij de 'Rink van der Velde priis' ingesteld. Deze prijs wordt iedere twee jaar uitgereikt aan de schrijver van het beste boek dat in het Fries of in één van de Friese streektalen is geschreven voor een breed lezerspubliek. De eerste keer in 2004 werd de prijs uitgereikt aan Koos Tiemersma voor zijn roman De Ljedder. Harmen Wind won de prijs in 2006 met It Ferset en Auck Peanstra was in 2008 de winnaar met Sitebuorren, myn eigen paradys. In 2010 ging de prijs naar Arjen Terpstra, die won met zijn boek 'De Hearen fan Fryslân'. De editie 2012 is ge

100 punten

Long have I wandered so far from home Come to a place I have never known Gone too deep underground Gone to far better turn around I've been running away I've been running away away   Don't you know I need the rain to hide my tears To cover me ~ wash me clear Don't you know I need the rain to hide my fears I'm in my cloud ~ I'm not here No killing sun to know where I go No no killing sun to know where I go Stop the world ~ make it wait Don't you burn my eyes in the fires of day Let me stay dark and safe And this crazy rain is my last escape I've been running away I've been running away away Tank oan Ann en Nancy Wilson. Hjir knappe je fan op. 

Rally-fiskje

Afbeelding
Eltse krite hat sa syn eigenaardichheden. Yn de Achterhoek blaze se op midwinterhoorns, yn Seelân gean se trije kear op snein nei tsjerke, yn Brabân en Limburg sitte se geregeld yn it kafee. No ja, sels mar witte. Us easterbuorlju ha ek in aparte gewoante. Hjoed wie yn it nijs dat se in pear Grinzers yn Burgum oppakt ha mei in pear tassen fol fisk. No soe dat op himsels noch wol kinne, mar dizzen kamen net út de winkel, mar wienen nei 'goed' Grinzer gebrûk troch de manlju sels út ien as oare sleat hengele. Rally-fiskje. In echt staaltsje fan oer Grinzer macho gedrach. Jo smite in angeltsje út, fange in fisk en slaan dy dan hartstikkene dea. Of: noch leuker, jo tropje him libben yn in tas en hupsakee, de folgjende. As dy fisk no de maat hat om him lekker te stoven as bakken, kin ik der noch altyd ynkomme, mar sels skele posken ûntkomme net oan in bakstien op de harsens. En wat ha we dan in wille, net? No ha ik as jongbaas in soad fiske, mar de lol yn dizze foarm fan

Minachting

En sa is it mar krekt. Dit stik docht rjocht oan hoe't Jan mei de koarte efternamme tsjin it miljardenbal tusken de eigeners en de spilers yn de National Hockey League oansjogge. Net lulle, mar poetse, blinder! NHL fans frustrated Hockey fans have been patiently waiting for nearly a month now for the 2012-13 NHL season to get underway, but how much longer will we have to wait? After an entire pre-season was wiped out and now up to a month of regular season games cancelled, the hope of seeing a full 82-game season played seems to be diminishing. The ball — or puck, rather — is in the NHL Players’ Association’s hands. It’s a continuous game of millionaires versus billionaires, players and owners respectively, in which neither is willing to lose a paycheque. The NHL is a business, and in businesses the owners make more money than their employees. It’s a shame that in the NHL, as it is everywhere, money is the driving force behind operations. Can we not just play for

Pikefel.

Afbeelding

Eachkleppen

Afbeelding
       No't we dochs oer de tún prate, in lyts stikje nijs út de libbene natuer. Is it jim ek opfallen dat der dit jier amper nútsjes oan de boekebeammen sitte? Ferline jier lei der in laach oan boekenútsjes oer de grûn, no hast gjinien. Ikels binne der ek hast net. De waarprofeten soenen dan sizze dat der in sêfte winter op komst is. Prommen, appels, morellen en parren, se ha allegearre skea hân. It sil wol fan de swiere froast fan ôfrûne (lette) winter komme. Mar it kontrast mei oare jierren is grut. No sa. Dat woe ik efkes kwyt oan de minsken dy't mei eachkleppen op rinne. Sjoch ris om jo hinne. 

Fleurich blochje!

Afbeelding
  Eins wie ik fan doel om hjir in freeslik negatyf stik te skriuwen oer de plannen dy't der binne om de ZZPers yn Nederlân ris flink troch de mangel te heljen. Mar dy eare gun ik de stumpers net. Nee, it wurdt in tige fleurich blochje! Wat is it gefal: It giet min mei de klysters yn Europa. Der skynt in firus te wêzen dat mear as de helte fan de freonlike wjirmpikkers om hals bringe kin. Hjir by ús op it hiem is der lokkich noch neat fan te fernimmen. Igor, ús reade boarre, sit alle dagen ferlekkere nei de swarte fûgeltsjes te sjen. Hy is te beroerd om der achteroan te gean, mar as er de geast krije soe, wie der genôch wyld om jacht op te meitsjen. Op dit stuit binne der guon klysters midden de stoofparren. Soms wol fiif tagelyk. En se sjonge en fleane fleurich om, dus de hiemklyster hat hâlden en kearen om syn paadsje skjin te hâlden. Ik sil ynkoarten ris oan de beam skodzje, oars binne de parren op foardat wy se iten ha, en stoofparren is ien fan myn favorite snobberijen.

Goed stik

Afbeelding

Flokke en raze helpt net.

Goeie! Ik sil jim efkes meigenietsje litte fan de earmoed fan de nije tiid. Stel: jo binne it tillefoannûmer fan in kollega kwyt. En dy kollega wurket by de onvolprezen gemeente Smellingerlân, sis mar net Drachten. Wat dogge jo dan? Jo belje efkes nei it gemeentehûs, om dat nûmer te freegjen, fan de man dy't jo al jierren kenne. Dan krije jo dus dit petear. 0512-581234: toet... toet... 'Gemeente Smallingerland...' 'Ja, jo prate mei De Jong. Ik woe graach it tillefoannûmer fan ... efkes ha, ik bin it kwyt.' 'Meneer De Jong?' 'Ja, dat sei ik.' 'Eh, ik kan  u niet het rechtstreekse nummer van ... geven, maar ik wil u wel even met hem doorverbinden.' 'Prima, ju. Doch dat dan mar.' (gjin goeie, of wat dan ek.) Toet... toet... toet... (healwei tsienen, ferkearde plenning, kofje en dan nimme jo de tillefoan net mei, der koe ris ien belje, no?) Toet... toet... Dit is de voicemail van 06-........ Ik hie myn bloknote al klear lein,

Dan dizze ek mar: Hearlik!!! Jeff Healey & Colin James - 1989 - Killing Jive & What Do You Want Me To Do

Afbeelding

Ut de rige kassetebandsjes: Colin James - Voodoo Thing

Afbeelding

Armageddon yn Fryslân tichtby?

Fine jim it ek fan dat moaie waar? No, ik net. Freeslik, it is hast novimber en it swit rint my de hiele dei al by de rêch omheech. Niis seach ik in guozzeflecht rûntsjes draaien, dy bisten witte ek net wat se der oan ha. Ien fan de guozzen by my yn it lân waard niis trêde, it moat ferdikke net mâlder wurde!!! Aanst sit se mei de krystdagen op aaien. In keppel kij lei breedút te wjerkôgjen yn it lân, guon hienen de holle yn it gers lein, sa noflik as brij. Dat moat net om dizze tiid fan it jier. Se hearre mei de rûne rêch tsjin de hurde wyn en it reinwetter yn, by de hikke te stean. 'Lângst nei de stâl' stie op ien fan de kaarten yn it Frysk boerekwartetspul. Dit is neat. It sil dochs net safier komme dat der ein oktober âldere froulju sûnder hoazzen foarby fytse? Dan komt it armageddon hurd op ús ta. Der is mar ien oplossing: Froast. Net te mâl, graadsje as fiif, moai stil waar en alles sal recht kom. 

Dale Weise, brekizer fan de Tilburg Trappers

Afbeelding
Moaie reportaazje yn Studio Sport oer Dale Weise, in NHL spiler yn Tilburg. Om jim efkes in yndruk te jaan oer hokker spiler Dale Weise is, sjoch it filmke.

Spikerhurd Bombats: 'Hee, beppe!!!'

Juster in bjusterbaarlike bak herrie oer ús hinne krigen. Spikerhurd Bombats stie op de poster, trije frijwat hurde bands yn it doarpshûs. Haadact wie Mother of Sin, mei in broer fan ús buorman as foaroanman. Ik sil daliks mar sizze dat it net hielendal myn muzyk is, mar it wie tige gesellich. Teminsten, neidat ik in pear stikken skytpapier yn de earen treaun hie. De PA stie in pear desibels te hurd nei myn sizzen. Spikerhurd, ja. Ik wit noch dat ik in kear nei The Cure west ha, yn Thialf. In wike lang piipjende earen hie ik no gjin nocht oan. De earste band kaam út Grins. Best aardich, mar ien fan de harkers sei: 'It is best oan te hearren, mar kin dy hûn ek ophâlde mei blaffen?' Dat wie dus de sjonger. Goed, jo moatte it opbouwe, dus it wachtsjen wie op de twadde formaasje. Russian Cocaine, in mjuks fan Dútsers út Hannover mei in Fryske sjonger, famylje fan ús efterbuorlju. Dit wie wat my oanbelanget de aardichste band fan de jûn. Snoeihurde rock, mei in soad wille sp

Literêr nijs

Haa, goeie! Wer in berch literêr nijs hjoed. Prachtich. It docht bliken dat de Rink van de Fjilde priis gjin oansjen hat. No, it mei sa wêze, hear. Ik sil der net in nacht minder om sliepe, haha!!! Nee, dan de prizen dy't der wol ta dogge. Ik tink dat as se njoggen fan de tsien Friezen mei in pistoal tsjin de holle freegje soenen wa't foar Anne Tjerk Popkema de winner fan de Obe wie, der aardich gong yn de krimp setten waard. Sterker, ik tink dat as se dyselde Friezen freegje soenen wa't dit jier de winner fan de Obe wie, der ek in moai oantal harren lêste stront skiten hienen. Mei oare wurden, ik fyn in in non diskusje. It Boun hat foar 3 novimber in gearsit organisearre yn Ljouwert, oangeande de kultuernota. It sil my ris benije hoefolle skriuwers dêr op ôfkomme. No mar efkes gersmeane om hûs hinne.

Lûd

En dit is dan it lûd wat der út komt.

Myn Eko is der wer!!!

Afbeelding
O, o, o, wat bin ik bliid. Nei fjouwer wiken is er der wer. Myn Eko. Mar it is net deselde Eko, hy is folslein restaurearre. Nije frets, de kop is neisjoen, de hals dêr't in skuor yn siet is makke en de potmeters krasse net mear. En hy spilet wol sa licht, it is in pracht. No noch gitaarspyljen leare. Op de foto myn Eko, ik sykje noch in namme foar it ding. Suggestjes wolkom. Hy is net te keap. No ja...

It is mar in idee

Afbeelding
Nije koers: Rabobank Fryske Literatuer Priis?   Rabobank stopt met sponsoring wielerploegen HOOFDDORP - Rabobank stopt per 31 december met de sponsoring van de professionele wielerploegen, zowel mannen als vrouwen. Dat maakte de bank vrijdag bekend. Rabobank is tot dit besluit gekomen na verschijning van het rapport van de Amerikaanse dopingautoriteit USADA. Dit rapport spreekt volgens de bank boekdelen. Bert Bruggink, lid van de raad van bestuur: ''Het gaat met pijn in het hart, maar voor onze bank is het een onvermijdelijke beslissing. Wij zijn niet meer overtuigd dat de internationale professionele wielerwereld in staat is om een schone en eerlijke sport mogelijk te maken. Wij hebben niet het vertrouwen dat dit op afzienbare termijn ten goede zal keren.” (NU)

Moai!!!

Afbeelding

Jolt Protter syn Ljouwerter krante

Afbeelding
  De kûgel is troch de tsjerke, sei de presintatrise fan de Omrop. Utjouwer Siebe Annema die út de doeken wêrom't de Leeuwarder Courant, sinds 1752, it kommende jier moarns ferskine sil. Ik wit net wat jim der fan fine. It sil grif goed ûndersocht wêze, en de foars en tsjins sille ôfweage wêze, mar ik fyn it spitich. Yn de sawat 44 jier dat ik der bin, wie it in fêst ankerpunt fan alle dagen. Middeis tusken trije en fjouwer oere. Doe't ik in jier as tsien wie, wist ik it al. Jolt Protter kaam op syn brommer, die in greep yn de fytstas en treau de LC yn de bus. 'Wolst de krante efkes helje?' Ik hear it heit of mem noch sizzen. Doe lies ik him amper, dat kaam letter pas. Mar dat er om dy tiid hinne besoarge waard, wie wis. Sterker, as er in kear net op tiid wie, hienen je suver it smoar yn. No lêze wy de krante digitaal, dus it lûd fan troch de bus smiten is der net mear by. Mar it idee is itselde bleaun. As ik it oan tiid ha, sit ik trije oere stipt foar it skerm

Ik bin in ezel

It wie wer feest hjoed. Wolle je moarns efkes sjen wat der yn de mailboks sit, ik ferwachte in wichtich berjocht, komt de komputer net fierder as de melding: 'verbinding maken'. No, dan kinne jo my wol rjochtút stekke. Ynearsten geane je fan in rampsenario út, it sil wol oan myn komputer lizze. No bin ik dêr net in held yn, mar foarsafier't ik der dan ferstân fan ha, de ynstellings bydel. Neat te finen. Yntiids in kear as fyftich besocht om UPCmail te iepenjen, mar de postboade joech net thús. De sfear wurdt der dan echt net better op. As je ferstannich binne, geane jo gewoan oan it wurk en sjogge letter op de dei wer in kear. Ik net. Ik bin sa dwers as in baarch. Ik belje nei UPC. 'U bent in het hoofdmenu. Voor storingen toetst u een twee.' Toets. Eins witte je dan al wat de dame dan sizze sil. 'Al onze medewerkers zijn in gesprek. Wij trachten u zo spoedig mogelijk te helpen.' It is in foarm fan masogisme om nei ynstellings lykas KPN, Prorail en UPC

Louis G. le Roy

In mearke. Komt in man út Wynjewâld thús. Stapt de keuken yn. 'No moatst ris hearre. Ried ik niis troch it Feen...'  Frou ûnderbrekt him wreed. 'Dat paad is noch net klear, bûke!'  'Nee, harkje no efkes, âlde taart, dêr woe ik it oer ha. Ik seach dêr in stripe wyldernis, mei ien as oar muorke, makke fan prachtige gieltsjes. Ik leau dat ik de auto mar in kear fol smyt mei dat guod. Past moai yn it paad, en út dy rotsoai dêr yn it Feen misse se in pear stiennen net.'  'Wat is dat dan foar plak?'  'Wit ik folle. In hiel ein oerwoud by in dyk del. Ik leau dat it de Kennedyleane is. Jo wolle der foar de wille net troch, wat in soadsje.'  'En hoe komsto dêr dan?'  'Ik moast pisje, en ik seach beammen. Wolst noch mear witte?'  'Kinst net samar earne stienen weihelje dochs?´ ‘No, de dwaas dy´t hjir dwaande west is, hat de beukerskoalle amper helle, tink ik. Ien grutte bult ellinde. Je sille der tsjinoer wenje,

Bôle

Afbeelding
Wy smite der noch mar in sankje tsjinoan. As je mar wille yn it libben ha, no?

Ik bin nijsgjirrich

Snein 19 septimber 2010 ha ik foar de earste kear wat op dizze bloch skreaun. Sûnt dy dei is der in lange rige oan wol of net nijsgjirrige berjochten folge. En binne de oantallen besikers omheech gien. Dat is prachtich, ik beskôgje dit as myn hobbyhoekje. Mar it smyt wol in oantal fragen by my op. Ik bin nijsgjirrich. Wol alles witte. Dat is in hendikap, want dat kin net. Ik kom hast nea mei sifers oer oantallen en sa, dat is wat foar mysels. Mar dochs bin ik stikem wol benijd wa't dizze bloch lêst. Neat minsliks is my frjemd. Ja, ik kin miskien wol de helte fan de besikers foarsizze. Neist famylje en kunde noch wol in pear. Mar dy oaren? Sa kin ik oan de statestiken sjen dat juster lêzers út de folgjende lannen by my op besite west ha: Nederland Belgie Servie Spanje Korea Verenigde Staten Frankrijk Duitsland Denemarken Verenigd Koninkrijk Rusland Zweden It bliuwt apart dat minsken yn Kanada, Australie, Nij Seelân
test

Hjerstmuzykje by? Status Quo Mystery Song

Afbeelding

Hjerst

Hjerst. Blêden falle. Dagen koartsje. Damp. Net de tiid fan it jier om fleurich fan te wurden, dat blykt elts jier wer. Yn de simmer, winter en de maitiid falt it meastal ta. Hjerst is tiid om te eameljen. Jo folslein gean te litten as jo earne mei sitte. It liket oft der gjin remme op sit yn de hjerst. Nuânse is it wurd dat yn de hjerst faak ferjitten wurdt. Om minsken hinnegean en op in oar plak jo klachten spuie. It liket wol oft de hjerst minsken oanset om oaren te beskeadigjen. Sels sûnderdat se it sels troch ha, dy yndruk krij ik wolris fan minsken yn de hjerst. It skynt dat it wittenskiplik wol te ferklearjen is. En dus moatte jo je der mar by dellizze. En hoopje op in koarte hjerst. En nee, dit is net skreaun troch in skriuwer, mar troch in ZZPer. Kloatehjerst. 

Cornelis van der Wal en Auke de Witte

Afbeelding
Dat wie dan wer de Moanne fan it Fryske boek 2012. 495 kilometer riden. Hjoed wûn Cornelis van der Wal de sulveren twicht mei: 'Fisker smookt en skriuwt mei fingers fan reek/in antlit op de sakjende sinne/wolkens triuwe read ljocht/dea yn it wetter.' Lokwinske. Yn de wedstriid fan de spannende filmkes wûn Auke de Witte en freonen mei It ein de priis. Stikem mei ik dêr ek in bytsje grutsk op wêze, want ik ha it ferhaal skreaun. Let foaral op de flitsende gastrol yn it filmke. Seis wurden. Ik ha der fjouwer wiken oer dien om dy der yn te krijen.

Boekemerk

Afbeelding
Juster op de boekemerk yn Drachten. Tige gesellich, tsien graden te kâld en sa no en dan in wiete boel. Yn it ramt fan de multikulti op de foto kaam mei Johan en Fettje fan de Stellingwarver Schrieversronte en masterferteller Douwe Kootstra. 

Meitinke of jammerje?

De Moanne fan it Fryske boek is hast wer om. Moarn yn Warkum noch in oantal saken, jim kinne der fergees hinne. It kadoboek is útferkocht. Dat wol sizze dat de oplage fan 3500 stiks, nei't ik mien, fuortjûn is oan minsken dy't foar € 10.00 oan Fryske boeken kocht ha. Dat is net ferkeard. Hoe't dat ferline jier wie wit ik net, mar it liket oft de formule fan de Moanne fan it Fryske boek sa't dy no in jier as wat hantearre wurdt, stadich oan begjint te slaan. Der sille grif saken wêze dy't oars kinne en moatte, mar dat it kadoboek foardat de boekemerk aanst los giet al net mear te krijen is, seit wol wat. Juster wie der wat te rêden yn Tresoar. Jim sille der grif wat oer lêzen ha, dy ferslaggen doch ik net oer. Wol die my yn in koart neipetearke mei de deputearre bliken, dat se neffens my net fan doel is om de haadlinen fan it nije belied los te litten. Mocht dat sa wêze, wie juster yndie de lêste útrikking fan de Obe en de Fedde yn dizze foarm. En dan? Hoe dan

Wêrom geane minsken dy't je lije meie altyd mar dea? Jeff Healey - Like a Hurricane

Afbeelding

Wy moatte der midden!

Dweiltrochwiet wurden fan 'e moarn. Hiel wat oars as juster, doe't Jaap en ik op 'e Lemmer wienen. Mei beide fuotsjes wer aardich op 'e flier, sis mar. Of eins yn in gat, mar dy is foar insiders. Der kaam yn de byb in man op my ta mei De Lêste Trúk yn 'e hân. 'Ik sit mei in wurd yn 'e mage,' sei er. 'Dat moatte wy net ha,' sei ik werom. Hy sloech it boek iepen en liet my sjen wat er bedoelde. Op side 24 stiet: 'Sa’t it no liket is se sels út it libben stapt, en dan hoech ik der net midden.' 'Wat bedoelst dêr mei?' frege de man yn de byb.  Earne midden gean. Foar ús is dat in algemiene útdrukking. Stel dat de bern op in skoalleplein kreauwerij ha, dan soe ik sizze: 'Moatte wy der midden?' Mei oare wurden, moatte wy der wat oan dwaan, de saak oplosse, der mei oan it wurk gean, sokssawat. De man hie it noch nea earder sjoen yn in Fryske tekst. Dat soe sa wêze kinne, ik wit it net. Miskien dat de taalpurist